Weppers moandei 2-3

Utslaggen 28-2
27 februari 2015
Weppers tiisdei 3-3
2 maart 2015

Abraham
De trainer fan SDS B1, Remco Bervoets, is sneon 50 jier wurden! Fan herte lokwinske!

De nije Treffer
De nije Treffer leit by ús drukker Van der Eems en hooplik dit wykein by jim op de matte. Yn dizze Treffer û.o. nijsgjirrige stikken oer Frans Munsterman, SDS Vr.2 en de SDS-lotterij, alderaardichste look-a-likes en wer in alderaardichste puzzel.

Frans Munsterman foar de dug-out
Foto Henk Bootsma

Nije sjurts

Sneon wiene der foar de earste kear nije sjurts foar de pupillen fan de wike. Jildert en Ruben hiene de primeur en dat levere fuortendaliks 3 punten op tsjin Workum 1.

 


…dus woe Jildert mei Harm op de foto en wie Hendrik foar Ruben de favoryt.

Ferslach en foto’s Overezwaluwen 2 – SDS 2
Ôfrûne sneon wûn SDS 2 de wichtige wedstryd tsjin Oeverzwaluwen 2 mei 2-0. Jim kinne op de webside fan Oeverzwaluwen foto’s en in ferslach fine.

SDS F3

Foar F3 yn de nije gearstalling begjint dizze wike de kompetysje. Oan de nije foto te sjen, binne se der kelar foar.

PSV

De iene wepmaster is wat mear foar Ajax en de oare foar Feyenoord. Sij beseffe harren hiel goed dat PSV der wol ris wat bekaaid ôfkomt. Dêrom dizze kear in splinternije alvetal foto fan PSV, justermiddei nommen.

Harsens derby (1444)
Knappe korner fan Podolski………….