Ut- en ferslaggen 5-12

Weppers freed 4-12
3 december 2015
Pupillen fan de wike
6 december 2015

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700. 
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!

09:00 SDS E1 SC Bolsward E3  7-2
09:00 SDS D1 Leovardia D3  1-2
09:00 SDS E2 Heeg E2  1-1
10:10 SDS F1 Makkum F1  1-0
10:10 SDS F3 Heeg F2  1-4
10:25 SDS C1 SWZ Boso Sneek C2  3-1
11:05 SDS MC1 VC Trynwalden MC1  0-7
12:00 SDS A1 MKV’29 A1  6-2
12:45 SDS C2 Nijland C1  1-2
14:30 SDS 1 Oeverzwaluwen 1  2-1
14:30 SDS 3 Nijland 3  3-1
09:00 Workum C2 SDS C3  8-0
09:00 Scharnegoutum D2 SDS D2  8-3
09:00 SC Bolsward E9 SDS E4  3-2
09:30 Nieuweschoot E3 SDS E3  2-9
10:15 NOK F1G SDS F2  2-6
10:30 Nijland B1d SDS B1  fersetten nei tiisdei
12:15 Nijland 2 SDS 2  g.n.t.
12:45 Tzum 2 SDS 4  0-4
13:30 SWZBosoSneekVR2 SDS VR1  1-7

SDS 1 – Oeverzwaluwen 1
Der binne fan dy wedstriden, dan wolle je as taskôger wol graach dat it dien is. Dit wie sa’n wedstriid. It wie glûpende kâld op de wyn en de stân wie 2-1 foar SDS. Mei de wyn tsjin slagge it net om der út te kommen en de Koudummers besochten fan alles om de gelykmakker te meitsjen. It ljocht fan it skoareboerd wie gelokkich oan en der stie foar SDS in moaie stân op, doe’t de skiedsrjochter lang om let ôffluite. De twadde oerwinning wie binnen en dat kaam troch hiel hurd foar elkoar en meielkoar te wurkjen en troch in goeie earste helte.
Jelmer Posthumus wie de doelpuntenmakker foar it skoft doe’t SDS meardere goeie oanfallen hie mei de wyn yn de rêch.
Yn minút 53 makke Oeverzwaluwen gelyk en op dat momint wie it foar SDS al lestich om de middelline noch te heljen. Marten Faber wie in weardige ferfanger fan fêste doelman Jaap Toering en hij rammelde en sloech de iene nei de oare bal fuort.
Healwei de twadde helte waard Dirk Yde fêstholden yn de 16 en Jelmer Posthumus miste net fan de 11 meterstip.
Mei dizze oerwinning ferlit SDS it lêste plak wer en is in goeie basis lein foar it ferfolch fan de kompetysje
Aant

SWZ Boso Sneek VR 2 – SDS VR1   1-6
De fammen fan SDS lieten ek no wer sjen dat sij de beste binne yn dizze klasse troch in moaie oerwinning. Jeska, Hester (2) en Tjitske (4) skoarden.

SDS 3 – Nijland 3       3-1
Mei de fûst omheech kaam hij fan it fjild ôf: Wichard Deinum. “Trije punten tsjin Nijland” sa rôp hij mei syn bekende brede laits. Hij hie sels ien kear skoard en ek Henk Postma hie dat dien. It tredde doelpunt wie in mislearre poging om yn it Clarence Sluierklassemint te kommen. De miste strafskop fan Robert Sijbesma waard yn de werombal troch dy selde Robert ynsketten.

Tzum 2- SDS 4   0-4
SDS wint de derby in Tzum!
Eeltje met een zuivere hattrick in de eerste helft en een assist in de tweede helft op Ruun. Ruun bracht daarmee de eindstand op het scorebord.


Thomas presenteert trots de eindstand tegen zijn oude club.

SDS A1 – MKV A1    6-2

5 december is de dag van de schoen. Sinterklaas is er erg druk mee. Vandaag was er nog iets met een schoen. Niet raar, want door intensief gebruik, na een halve competitie, flappen de zolen  soms los van de rest. Het begon enkele weken geleden met de schoen van Jorrit V.. Hij werd gered door boerenducktape van familie de Hoop. Deze week was het de beurt aan de Hoop zelf. In de warming up werd het snel duidelijk: ze zouden de winterstop net niet halen.. Habtamu keek treurend om zich heen. Jorrit had hun familietape verbruikt. Wat nu? Gelukkig kwam daar de waarde van it efkes baljen om de hoek. Hoewel al weken niet gebruikt, stond er een paar glimmende zwart-witte Kaisers in de kofferbak van de team manager. Balend dat hun baas ze te weinig in actie laat komen. Oh wat hadden ze zin om het gras op te vreten.

En zo maakten ze met Habtamu binnen 18 minuten drie goals. Ze zorgden er voor dat hij precies op de goede posities op dook. Wondersloffen, anders kunnen we ze niet noemen. De overige 14 paar schoenen deden ook wat er van hun verwacht werd. Ze scoorden nog drie keer en zorgden dat MKV slechts twee keer scoorde. Kortom de A1 gaat content de winterstop in. De 2e stek biedt veel perspectief! En de schoenen: die willen nog wel een paar weken door!
Voor Habtamu hopen we dat de Sint een paar nieuwe sloffen door de boerderij schoorsteen stopt!
Tjerk

SDS C1 – SWZ C2  3 – 1
Nei hast 3 wiken sunder trainingen (minne fjilden), moast der ofrune sneon wol wer fuotballe wurde. Tsjinstander wie SWZ ut Snits, in ploegje dat it de leste wiken wol aardich docht. Op it allerleste momint krygen we it berjocht dat Kent siik wie, dus moasten we hals oer de kop de opstelling oanpasse. Nei it ferlies fan foarige wike moast der fansels wun wurde om de oansluting mei de boppesten net te ferliezen. In stoarmiche wyn (neffens Ferry wynkreft 400),  soarge derfoar dat der hast net fatsoenlik fuotballe wurde koe. Dochs lei SDS oer links in pear moaie oanfallen op ‘e matte. Healwei de earste helte kamen we dan ek fertsjinne op foarsprong nei in flitsende dubbele ien/twa tusken Steven en Sjoerd. Steven wie uneinlik de man die de bal deryn skeat. Dernei sakke it allegeare wer wat yn, ek troch de hurde wyn fansels. We krigen de bal hast net fuort en eltse bal troch de loft kaam like hurd wer werom. Oer de grun dan fansels, mar dit wie bliikbar hiel dreech. Dochs wurde SWZ net echt hiel gefaarlik, mar troch min utferdiedigjen fan us kaam de bal samar by in spyler fan SWZ yn ‘e fuotten. Hy nimt de bal yn ien kear op ‘e pantoffel en mei de wyn derunder bedarret de bal efter Mark. No wie it dus saak om de earste helte fierder gjin skea op te rinnen en probeare om dizze 1 -1 fest te halden. It die bliken dat it foar de wyn ek net makkelik fuotballe. Dochs kamen we wer op foarsprong. Ut in korner fan Sjoerd kryt Hendrik de bal op t skouder en bedarret  de bal yn ‘e goal. 10 minuten foar tiid goait Tjerk de wedstriid yn it slot. Hy sjit de bal prachtig yn, nei in hiel moai stekbaltsje fan Steven. Oer it algemien gjin goeie wedstriid, mar dit hie fansels ek te meitsjen mei it waar. Der wurde wol striid levere en undanks dat der in protte mis gie, bleauwden de jongens wol positief nei elkoar ta. We hoopje dat we nye wike wer 2x traine kinne, want nye wike sneon spylje we tsjin de koprinner Makkum. En dan moat it mar gau winterstop weze.  We hoopje dat Douwe Jan der nei de winterstop ek wer by is. Hy hat in ferfelende blessure die ek wolris noch langer duorje kin.
Theo.

De E1 hjoed thús tsjin Boalsert E3.

Mei dy hurde wien wie it sichtber moeilik combineren. Toch hjir en dêr prima opbouwend fuotbal wertroch al gau in 2-0 foarsprong opbouwt wie.
De 2-1 foel út op sich prima ferdiedigjend wurk, mar helaas rekke de bal krekt yn eigen goal.
De twadde helte foar de wien makke it fuotbaljen stikken makliker en troch prima kombinaasjes wiene der in protte kânsen dy’t goed benut waarden.
7-2 wie de einstân. Krekt as foarige wike ha ik as taskôger in prima wedstriid sjoen.
Herman

SDS E3 eindigt op knap 2e plak
SDS E3 hat juster mei 9-2 fan Nieuweschoot E3 wûn en eindigt sa knap op in 2e plak.

Efkes Balje
Mei it gefaar dat guon it allegear mar oerdreaun fine dy oandacht foar Efkes Baljen skriuw ik dochs mar wer in stikje oer it minste belangrike potsje fuotbal fan de wrâld útsein foar de 11 dy’t er wol wiene en de 7 dy’t misten en it graach al witte wolle.
Fansels kin sa’n ferslach yn sa’n moderne en ynterne groepsapp, mar it soe best wêze kinne dat er neist de 18 hjirboppe noch in oantal minsken binne dy’t it wol leuk fine om te lêzen.
Hawar, om 19.30 oere gie it dan einliks wer los, nei wikenlange “reinwaarstop”. De gremitichheid strielde derôf. Folkert Rients hie de measte spanning yn de hûd. Hij hie dan ek de hesjes útdield. Altyd lestich mei 5 tsjin 6. It like earst ek wat iensidich te wurden mei in 5-0 foarsprong troch ploechje6 en it wie Ferrie dy’t se alle fiif der yn jage. Oer en neist sjitte sa’t er dat de jeugd lêsten sjen liet wie der net bij. Wouter sette ploechje 5 efkes oars del en mei wûnderspits Pieter de Boer kamen se op 5-5. Dêrnei gie it op en hel en hinne en wer. Beide partijen  woene winne en de striid wie fûleindich. Klokslach healwei njoggenen (wat wiene wij bliid mei dat sinjaal) stie it 13-13.  De grutte finale mei twa doelpunten waard no noch wichtiger, want der soe dus dochs in deiwinner komme. Ploech 6 op 1-0, ploech 5 op 1-1 en moai let waard it dan 2-1 foar ploech 6. En wa oars as Ferrie jage de bal yn it doel en liet sa ploechje 5 efter mei in goed gefoel, de kompliminten mar fierders neat. In moaie edysje, dy’t wij wer graach efkes fêstlizze yn in ferslach op de webside. En Folkert Rients? Hij hie dus goed útdield.
Ploech 5: Wouter, Theo, Harrie, Pieter de B en Chiel
Ploech 6: Ferrie, Pieter V, Johan, Folkert R, Sipke en
Aant