Pupillen fan de wike

Ut- en ferslaggen 5-12
3 december 2015
Weppers moandei 7-12
6 december 2015

Wij stelle jim foar oan de twa pupillen fan de wike: Niels Terpstra fan Kûbaard en Timen de Boer fan Wommels.
En wat se sa’n middei belibje, sjoch jim hjir ûnder


Tagelyk mei de seleksje melde se harren op tiid. Se krije de bekende reade jaskes oan sadat se te herkennen binne as de pupillen

 
Se skoppe yn mei de reserve spilers en dat dogge se hjir mei Wiebe Heeres.  Trainer Munsterman hat it dan al lang sjoen, “dit mantsjes steane op skerp” en rjochtet him op de seleksje


Neidat se mei beide seleksjes it fjild op draafd binne, komme de spannende mominten. De spilerskaarten moatte kontroleard wurde, de flaggers moatte wat ynstruksjes ha en fansels de toss


Ien fan de hichtepunten is ek it goeie foarbyld jaan. “Let op Jelmer en Dirk Yde, sa soe it kinne”, sizze se fol selsbetrouwen. Kânsleas litte se de doelman fan Oeverzwaluwen.


En dan is it fuotbalsjen, wat prate, twa kear juiche en foaral ek klomje


At it al hast tsjuster is brekt it moaiste momint oan foar Jelmer en Erik. Sij meie mei Timen en Niels op de foto


It absolute hichtepunt sil west hawwe de neipetearen wêryn men it iens wêze sil oer de wyn as spulbrekker en sil der ferskil fan miening wêze sil oer in terjochte strafskop of net, in fertsjinne oerwinning of net, de lange ekstra tiid dy’t de skiedsrjochter bijtelde en dat allegear ûnder it genot fan in bak patat mei mayonaise.

It wie in moaie middei en doe moast Sinteklaas noch komme…