Ut- en ferslaggen 22-8

Weppers freed 21-8
19 augustus 2015
Weppers snein 23-8
22 augustus 2015

Hjoed giet it wer los. Allegear bekerwedstriden foar de standertalvetallen. 

09:00 SDS D1 L. Zwaluwen D2  3-4
10:30 SDS E1 SWZ Sneek E2  2-3
11:45 SDS MC1 Dronrijp/Foarut MC1  1-4
14:30 SDS 2 Zeerobben 2  g.n.t.
10:15 Scharnegoutum’70 F1 SDS F1  8-1
10:30 Oeverzwaluwen B1 SDS B1  4-1
10:30 Scharnegoutum’70 C1 SDS C1  3-2
11:00 NOK A1 SDS A1  3-6
14:30 SVBS’77 1 SDS 1  0-4
14:30 Dronrijp VR1 SDS VR1  1-7

SVBS’77 1 – SDS 1
Der wiene net folle SDS supporters ôfreizge nei Oerisel. Mar gelokkich Dooitze wol. Hij joech ús troch dat Jelmer it eraste doelpunt makke t in strafskop, dat hij de twadde ek makke, dat it tredde doelpunt fan Feiko wie (dy’t ynfallen wie foarDirk Yde), en dat it fjirde doelpunt ek fan Jelmer wie.

Dronrijp VR1 – SDS Vr1     1-7
Bij it skoft wie it al 0-3 troch doelpunten fan Tjitske (2) en Jeska.
Nei de tee gie it skoaren troch en waard it net noch 4 kear fûn. Alissa, Kirsten en Jeska (2) wiene doe doeltreffend.

NOK A1 – SDS A1
Op één van de mooist gelegen voetbalvelden van Friesland mocht de A1 in nieuwe samenstelling aantreden tegen de plaatselijke blauw-witte eersteklasser NOK.
Met de oefenpartij van YVC nog in de benen werd wat stroefjes aan de warming up begonnen. Na het fluitsignaal was daar helemaal niets meer van te merken. A1 ging meteen van akiet!
Prachtige combinaties, waarachter het uitvoeren van opgelegde afspraken zichtbaar was, zorgden ervoor dat NOK alle hens aan dek moest spelen. Het stond dan ook snel 0 – 2. Door de warmte zakte het tempo na twintig minuten wat in. Dit leidde tot kleine uitvallen van NOK, waardoor duidelijk was dat A1 bij de les moest blijven. Er volgde een kleine drinkpauze, aangezien de darmen en de maag van onze gelegenheidskeeper het zonlicht niet konden verwerken. Gelukkig kon hij, een kilo lichter weer gewoon zijn plek tussen de palen innemen.
In de tweede helft kreeg NOK meer vat op ons spel en door fysiek kick-and-rush voetbal kwamen ze terug naar 1-2 en bijna tot gelijke hoogte. Een bevrijdende 1-3 kwam wat uit de lucht vallen, maar daarna was het hek weer van de dam. We liepen door naar 1-5, liepen NOK nog even spartelen naar 3-5 om vervolgens met 3-6 de Friese zuurstoflong te verlaten. Een mooi begin van het voetbalseizoen.
Doelpuntenmakers zijn even niet compleet, maar het was sowieso een teamprestatie. Maandag volgt de derde wedstrijd in vijf dagen tegen het altijd lastige Bolsward A1. Komt allen!
Tjerk

Skearnegoutum C1 – SDS C1     3 – 2

Nye rûnde, nye kansen. Dit wie de ynstek fan de allerearste wedstriid fan it seizoen. Bekerje yn en tsjin Skearnegoutum, die ploeg wer at it foarig seizoen in pear kear net goed gie. Der wiene in oantal saken bard die neat mei fuotbal te meitsjen hiene. Mei in ny team, de helte 2e jiers C’s en de oare hele 1e jiers C’s, wie it begjin fan de wedstriid “flitsend”. Fuort wurde troch SDS de oanfal socht en der untstiene in pear grutte kansen. Hielendal fertsjinne wurde it 0 – 1 troch Hendrik, nei in goeie foarset fan Sjoerd. It like der efkes op dat it in hiele makkelike moarn wurde soe. Mar ek omdat it by us sa oanfallend stie, wurde Skearnegoutum hieltiid gefaarliker. Geanewei de 1e helte wie hast elke oanfal fan Skearnegoutum gefaarlik. Ferstjinne kaam Skearnegoum op 1 -1. Niks oan ‘e han soene je sizze, mar fanof de oftrap wurde de bal slap werom spyle, wertroch de spits fan Skearnegoutum trochbrekke koe. Douwe Jan koe net oars dan oan ‘e hanrem luke, wertroch de skiedsrjochter terjochte in penalty joech. Dizze wurde goed ynsjitten en sa stiene we yn minder dan 3 minuten fan 0 – 1 foar nei 2 – 1 efter. We kriigen noch wol kansen; Stan allinich foar de keeper en in geweldich skot fan Hendrik. Mar it fuotbal wurde der net better op en Skearnegoutum kaam foar rest ek noch op 3 – 1. De twadde helte hiene we ofpraat om       4 -4- 2 te gean spyljen. Yn it begjin fan de 2e helte wurde it noch net folle better. Mar geandewei de twadde helte kriig SDS wer wat mear grip op ‘e wedstriid. De oanslutingstreffer in kertier foar tiid wie prachtig. Tjitse krulde de bal fan ‘e punt 16 yn ‘e rjochter boppehoeke. De mannen leauwden der wer yn en de mouwen wurden nochris opstrupt. Skearnegoutm kaam flink under druk te stean, mar de 3 – 3 kaam net mear. Undanks it ferlies halde we hjir wol in goed gefoel oan oer. In sportieve wedstriid under lieding fan in prima skiedsrjochter. By flagen ha we hiele goeie dingen sjoen en fansels ek dingen die better moatte. Mar we binne noch mar krekt los en hjir gean we de kommende tiid op trainen. Ik wol noch efkes 1 spyler beneame en dat is Sjoerd de Boer. Hy ferkiest syn fuotbalkarriere boppe syn hurdrinkarriere, dat is geweldich !!!!!
Woandei spylje we us twadde bekerwedstriid tsjin 1e klasser Oudega/HJSC/Heeg C1.
Theo

Efkes Balje (21-8)
De lêste wiken wie de striid fûleindich op it Efkes Baljen.  Mooglik hie dat te meitsjen mei de nije bûnskoach, dy’t selekteare moast foar twa ynterlands. In oantal kreks sieten der tichtbij en dy diene der betiden in skepke boppe-op, wêrtroch ek oaren yn dy “flow” meigongen. Der wie dan miskien wol efkes in teloarstelling doe’t Blyn syn seleksje bekend makke. Wol ûnbekende Ajaksiden dy’t nei twa kear waarm drave al ryp achte wurde foar ynterlân wedstriden en gjin Efkes Ballers.  De druk derôf en dat wie in goed momint om it efkes wer oer it doel en de opset fan it Efkes Baljen te hawwen. Der waard sels oerwage om de namme te deroarjen yn ELBESBT
“Efkes Lekker Balje En Sûnder Blau Thúskomme”.
De edysje fan juster foldie alhiel oan de nij útsprutsen opset en kin de boeken dan ek yn as slagge.
De 7 sûnder hes bleaunen hieltyd in pear doelpunten foar en dan witte je wol dat op lêst de 7 hesjes de tel kwytreitsje en mar wat roppe. Yn de wetterpauze op it waarme fjild krigende hesjes noch wol wat taktyske ynsichten om it better te dwaan, mar dat slagge net echt want sûnder it hesjeploechje betochten ynienen, sûnder dat it yn it taktyske konsept opnommen wie, dat in kopbal mei  in skoare fan 2 wol lekker oantelde.
De tiidwaarnimster Gida kaam noch net yn har rol, want foar healwei njoggen waard it sein “Noch twa doelpunten” al oanjûn, fanwege it te grutte ferskil.
En yn dy goed 5 minuten wie it wer in iepen striid. Mei hes persten der alles út en wûnen úteinlik mei in prachtich doelpunt fan Robin.

Hesjes: Remco, Henk, Robin, Folkert Rients, Pieter, Tjerk, Johan
Sûnder hes: Chiel, Rudy, Klaas, Ferrie, Wouter, Aant en Harry,

Der wie ek noch wat te fieren en it kaam dus goed út dat Alie mei har Hertog Jan oankaam, sadat Klaas Abraham syn jierdei noch efkes beklonken waard.
(aant)