Weppers snein 23-8

Ut- en ferslaggen 22-8
22 augustus 2015
Weppers moandei 24-8
23 augustus 2015

C1
Ien bekersneon en de earste alvetal foto is der al wer. Wij stelle it altiten op priis dat der in aktuele alvetalfoto op de side stiet en dat ynformaasje oer trainers, lieders en trainingstiden der ek goed opstean. Fan de lieders fan C1 hawwe wij no alles trochkrigen en dan sjocht it der al wer moai út. In goed foarbyld docht goed folgen. Sjoch
hjir

Ferslaggen
At wij ferslaggen binnenkrije fan wedstriden stean dy bij de útslaggen fan de sneon. Sjoch
hjir

Beker
Twa Efkes hawwe it der efkes oer. Seit de iene tsjin de oare: “Ja, mar wij moatte foar de beker en dat is fet moeilik”.

E1

E1 moast juster foar de beker tsjin SWZ Boso Sneek E2. In moaie en spannende striid mei helaas in 2-3 ferlies. In gelykspul hie fertsjinne west.

MC1

MC1 moast juster ek oantrede foar de beker. Dronrijp/Foarút MC1 wie de tsjinstanner en dy wiene mei 1-4 krekt efkes sterker.

Programma
Wij meie der wol oer dat der wat jûnwedstriden binne yn Easterein. Dizze wike komt dat hielendal goed. Moandei A1, tiisdei SDS 1.
Sjoch
hjir foar tiden ensf.
Foar SDS 2 is der tiisdei om 20.00 oere in útwedstriid tsjin Leovardia 2, foar SDS C1 op woansdei om 19.30 oere yn de Hommerts en op tongersdei foar B1 om 18.45 yn Drylst

Feroaringen
Alle feroaringen binne gjin ferbetteringen. Wij wiene altyd bliid mei Windows XP of Visa. Mei Windows 7 en 8 waard it wat it al minder en mei Windows 10 binne wij hielendal net bliid.
Wij hawwe it oer it pleatsen fan foto’s  op de webside. Fia wat omslachtige tiidrôvende hannelingen slagget it wol, mar handich is it allegear net mear.

Wa wit…miskien letter hjoed noch wol wat