Tredde Krystdeiweppers

Krystweppers
23 december 2013
Weppers snein 29-12
28 december 2013

SDS 5e op Krystsealtoenoai yn Frjentsjer
SDS is juster 5e wurden op it Krystsealtoernoai yn Frjentsjer. Sjoerd, Feite, Jacob-Klaas, Wytze, Freek, Jehannes, Willem en koach Jaap ferlearen twadde Krystdei ien poulewedstryd en wûnen der trije. Dit betekene dat sy as poulewinner nei de 16e finales gienen. Hjir kamen sy Schroevenkopen.nl tsjin mei û.o. Geert Dijkstra en Jelte-Pieter Dijkstra. Dizze wedstryd waardem ie 2-0 wûn troch goals fan Freek en Jehannes. Yn de kwartfinales waard SDS sneu útskeakele troch SC Franeker. It waard 1-0 wylst SDS mei nammen op it ein fan de wedstryd noch grutte kansen krige. De keeper fan SC Franeker hold de bal der by tiden mei kuenst en fleanwurk út. Neidat de wepmaster dy net gie te bowlen yn de lêste 10 sekonden ek noch miste wie de wedstryd dien.
AB Texel wûn úteinlik it toernoai troch yn de finale mei 3-2 nei sudden-death te winnen fan De Lange.

Oare SDS’ers op Krystsealtoernoai yn Frjentsjer
Geert Dijkstra en Jelte-Pieter Dijkstra waarden juster yn de 16e finales útskeakele troch SDS. Bote Strikwerda ferlear mei Welsryp yn de kwartfinales fan lettere winner AB Texel. De âld-SDS’ers Martin Rienstra en Sicco Scheltema waarden mei Van Dellen Bellen ferrassend al yn de poulefase útskeakele.

Efkes Balje?
De Efkes Ballers wolle graach trochgean mar op it momint dat wij dit skriuwe is it waar min. In soad reinwetter (min foar it fjild) en wer hurde wyn (min foar de lange bal).
Allegear wat ûnwis en dêrom wie der in foarstel om eventueel freedtemiddei om 15.00 oer mar efkes op it noch griene gers fan Wommels te baljen. Pieter Veenje hat al oanjûn dat him dat wol wat taliket. Mar der binne ek al guon dy’t oanjouwe dat dat neat wurdt hjoed.
Dus wa’t it wit mei it sizze. Mail dan nei sds-nijs@home.nl

Goeie allegearre 
Aant hie al een stikje op de side setten om efkes te baljen .
Mar net allinich de efkes ballers fan freedtejûn binne wolkom mar ek die gene die tinke ik ha fan e midje wol efkes nocht om te balje die kinne ek komme 
FAN ÔF TRIJE ÛRE OP DE GRIENE GREIDE IN WOMMELS
PIETER

Horekafuotbal
Op snein 5 jannewaris is it kampioenskip horekafuotbal fan Littenseradiel yn de sporthal. It sil plakfine tusken 11 en 17 oere.

Jubileumboek op twitter
Foar de leafhawwers fan moaie âlde foto’s ferwize wij nei de Twitter button. Dizze winter pleatse wij op twitter alle foto’s út it jubileumboek SDS 50 jier yn swart wyt fan 1997.

Aldjiersbalje
It âldjiersfuotbaljen yn ‘e sporthal fan Easterein begjint om 14.00 oere en duorret oant 15.30 oere. Graach 15 min. fan te foaren oanwêzich wêze om de ploechen yn te dielen. Eltsenien is fan herte wolkom om op dizze wize it âldjier út te fuotbaljen. Oant âldjiersdei yn e sporthal fan Easterein! 
Groetnis, 
Tjeerd Dijkstra

Alderaardichst
Nei twa krystdagen hjoed earst mar wer ris hurd nei de winkel:


Harsens derby(1177)
Wy hawwe juster by it sealfuotbaljen wer alderaardichste goals sjoen, mar net sa moai as dizze: