Weppers snein 29-12

Tredde Krystdeiweppers
26 december 2013
SDS League: De beste 11 wit ik zelf!
30 december 2013

OFK
Begjin jannewaris dogge âld-SDS 1(seal) en SDS DA1(froulju) wer mei oan it OFK yn Frjentsjer.
De âld-sealfuotballers fan SDS spylje harren foarronde op tiisdei 7 jannewaris yn Frjentsjer.
De poule sjocht der foar harren sa út:
Wykels/Hallum(fjild)
VV Noordbergum(fjild)
SV Leovardia(sneins, fjild)
Urk(fjild)
Easterlittens(seal)
SDS (âld-seal)
De froulju fan SDS spylje op moandei 6 jannewaris yn dizze poule:
MSC(fjild)
Avanti (seal)
VIOD 2 (fjild)
HZVV(seal)
Be Quick Dokkum (fjild)
SDS (fjild)
Hjir kinne jim mear fine oer dit sealtoernoai begjin jannewaris.

Ricardo Kishna
Yn maaie 2012 spile Ricardo Kishna noch tsjin û.o. Inne Heerma, mar it begjint der hieltiten mear op te lykjen dat Kishna ynkoarten tsjinoer noch bettere fuotballers stiet(klik hjir).

Inne yn aksje tsjin Ricardo Kishna, ien fan de grutste talinten fan Ajax.

A1 yn de seal
A1 hat sneon op it KNVB sealtoernooi  net hiel suksesfol west. It waard ferlies mei 0-7 (LSC), 0-4 (NOK), 1-4 (Balk) en 0-3 (Makkum)

VI-Voetbalkennistest
Foar wa ’t hjoed echt wat leuks dwaan wol kin him alderhearlikst fernuverje mei de jierlijkse VI-Voetbalkennistest. De wepmaster mei it measte hier(op de holle) hat him al klear, mar sjocht no al út nei de test fan folgend jier. Meitsje de test
hjir. Wy binne tige benijd nei jim antwurden.

SDS-League-kennistest
Kommende sneon mei de nijjierssit komme wy mei de einstân fan de SDS League. Moarn kinne jim alfêst oanjaan hoe ’t jim tinke dat de top fan it klassemint derút sjocht. Degene dy ’t it tichst yn de buert komt krijt sneon in pryske fansels.

2013
Ús favorite kollumnist Sjoerd Mossou hat it fuotbaljier 2013 noch efkes foar ús allegear op in rygje setten(klik
hjir).

Alderaardichst
Dêrom hienen Peppi & Kokki wol in suske hawwe wollen:


Harsens derby(1178)
Dit is nochris in eigen goal!