Krystweppers

Sealkompetysje 2014
23 december 2013
Tredde Krystdeiweppers
26 december 2013

SDS League
It bliuwt noch efkes spannend yn de SDS League. Nije wike mei de nijjierssit op 4 jannewaris wurdt de einstân bekend makke.

Snertrin
Foar de lju dy ’t no al tsjin al dat iten mei de Kryst opsjogge kinne wy alfêst melde dat sy dit der op sneon 4 jannewaris mei de snertrin wer ôf drafe kinne……

Sealkompetysje KNVB
Ek dit jier is der wer in sealkompetysje fan de KNVB. Foar SDS dogge der meardere teams mei. Sjoch foar de yndieling fan de D, E en F1 teams by 
jeugd.

Gjin SDS-frouljussealtoernoai………
Neeltje de Boer hat o sa har best dien, mar it slagget mar net om genôch froulju en famkes oan it sealfuotbaljen te krijen. Kommende sneon soenen de froulju en famkes fan DA1, MC1 en MC2 in sealtoernoai hawwe, mar om ’t it no al wis is dat der fiersten te min animo is giet it net troch.

SDS D2
Lykas de D1 spile ek de D2 sneon in sealtoernooi yn Frentsjer.
Lykas de D1 gie ek D2 fjouwer kear underut.
Lykas de D1 sjocht ek de D2 dit toernooi as in trening foar de KNVB seal kompetysje. 
De mannen ha aardich spile, mar Zeerobben wie te goed en de mannen fan Robur/Harlingen te grut.
Tsjin Foarut en Mulier hiene we minimaal gelyk spylje moatten, mar dit barde net.

Utslaggen:
 
SDS D2- Robur/Harlingen D1      0 – 2
SDS D2- Zeerobben D2             0 – 3
SDS D2 – Foarut                     1 – 2
SDS D2 – Mulier D1                  0 – 2
Theo


Krystsealtoernoai Frjentsjer
2e Krystdei fuotbalje ferskeidene SDS’ers wer yn Frjentsjer. Sjoerd, Feite, Jacob-Klaas, Wytze, Freek, Jehannes en Willem foar SDS, Geert en Jelte-Pieter sit by Schroevenkopen.nl en Bote fuotballet by Welsryp.
It programma foar SDS sjocht der sa út:
10.27 SDS – Herberg De Bogt
11.37 SDS – Betterfit/Combistralen
12.33 Welsryp – SDS
13.43 Horeca De Trije – SDS
Om 14.30 begjinne de finales mei om 16.00 de grutte finale.
Hjir kinne jim de tuskenstannen fine.

Krystbowle
De iene wepmaster sil dus 2e-Krystdei te sealfuotbaljen. De oare giet heechstwierskynlik te bowlen:


Fan herte lokwinske!
Henk Postma is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!
Bruorke Mark wit wol in tapaslik kado:


Burd
Gert-Jan Verbeek stiet yn Dútslân ien nei lêst mei FC Nürnberg. Sy hawwe 11 punten troch 11 kear lykspile te hawwen. Verbeek is dan ek heech ta oan in oerwinning. Hy hopet de spilers no te motiveren troch him pas wer te skeren as sy in kear winne. Sawiesa duorret dit oan ’t 25 jannewaris om ’t de winterstop dan pas dien is.

Wêr hawwe wy it eins oer?
Ien fan de wepmasters skeert him al net mear sûn ’t it lêste kampioenskip fan Feyenoord.


Alderaardichst
fashion2

Harsens derby(1176)
Gervinho hie efkes de hierbân foar de eagen: