Test

SDS 2 pakt wichtige punten.
7 december 2003
Wepperkes (3)
7 december 2003

Yn Easterein spilet de lêste moannen de diskusje oer hoe’t it fierder moat mei de akkomodaasje. Elkenien besiket op syn eigen wize in bydrage te leverjen.

Sa sette der sneon 6 desimber in swiere delegaasje nei de Trynwâlden om it kuenstgersfjild te prebearjen. En elkenien die it fan út syn eigen posysje.

Jaap Boekholt: bestjoerslid fan de Skoalleseize wie de delegaasjelieder en hy seach fan ôfstân at al de testen goed útfierd waarden. Hy wie tefreden nei ôfrin.

Tjeerd Dijkstra: foarsitter fan de keatsklup wie foaral benijd at je goed ynskowe koene, hy woe ûndersykje at de bal wol goed opstuite en wat der barde mei it wetter. Hy wie net ûntefreden oer de earste twa saken. It tredde punt spile net: it wie droech.

Willem Tjalsma moast neigean at je yn je eigen 16 meter in mantsje passeare kinne sûnder problemen. Dúdlik wie dat dit op kuenstgers ek net kin: Trynwâldster Boys skoorde 1 kear.

Peter Sijbesma wol de oergong fan seal nei fjild goed ferrine litte en woe witte at syn goeie foarset hjir ek ta syn rjocht kaam. Beide saken foelen posityf út. Peter koe sa’n 20 goeie foarsetten ôfleverje en der waard minstens 8 kear út skoord.

Ids Boersma moast fuotballe sa as altiten en die dat goed: dat betsjut in mantsje passeare, noch ien passeare en dan skrikke dat je al sa ticht by it doel binne en fan de skrik dan net skore

Sipke Hiemstra mocht de strafskop en de lange bal útteste. Beide die hy goed. Syn earste doelpunt dit seizoen út in strakskop op kuenstgers.

Klaas Okkema skoorde dit jier al 4 kear op gers en woe fansels witte at hy it ek op dizze ûndergrûn koe. Hy skoorde in prima doelpunt en wie ek tefreden oer de kapmogelikheden.

Peter Kusters  dy woe witte at jonge 35 –tigers ek út de fuotten kinne op kuenstgers. Hy koe tefreden weromsjen op syn debút yn SDS 5 en skoorde ek noch.

Roel Sijbesma, bestjoerslid fan SDS, dy woe fansels witte at je hjir ek einen mei de bal rinne kinne. It die bliken dat it sa wie. It skoren gie him ek wer maklik ôf. 3 doelpunten wie syn part oan de oerwinning.

Bertus Bootsma mocht de sliding útteste. Hy die dat prima te sjen oan de reade plakken dy’t dat oplevere op syn knibbels. Dat ek hy syn earste doelpunt fan it seizoen skoorde wie moai meinommen.

Ype Babbel Tiemersma siet mei de fraach: kin ik Eddy en kin Eddy my helpe by it skoren. Antwurd: ja. 3 doelpunten en prima aksjes komt yn it rapport te stean.

Eddy Knabbel de Boer, bestjoerslid fan SDS mocht it hakje útprebearje. Hy hie goed sjoen nei van der Vaart en wist in noch moaier hakdoelpunt te meitsjen. Lizzend op de grûn wist hy mei de hakke de bal sa oan te reitsjen bûten it strafskopgebiet, dat de doelman ferbaasd op de ferkearde poat stie en de bal út it net helje moast. Boppedat koe hy ek hjir syn namme as doelpuntenmakker ear oan dwaan. Hy skoorde totaal 4 kear.

Aant Hofstra wie de ienige dy’t ûntefreden wie oer dit kuenstgersfjild. Mei safolle doelpunten is it ûnmooglik in normaal ferslach te meitsjen. Gelokkich makke it doelpunt dat hy skoorde wat goed oan al dy ellinde.

It bestjoer fan de Skoalleseize krijt it folgende adfys fan dizze groep: Gau oanskaffe: want dizze 13 minsken koene der goed mei út de fuotten en foar sommige wie it sels de grutste oerwinning ea. 1-15 dat is net om ‘nocht.

 

Oh ja: de hakbal fan Eddy wie prima en de gehaktbol wie neffens dyselde Eddy  goed foar in 7.5