SDS 2 pakt wichtige punten.

Doelpuntenmakkers 2003/2004
6 december 2003
Test
7 december 2003

SDS 2 wûn mei 1-0 yn ‘e Lemmer fan CVVO. Moaie puntsjes foar de koprinner. De wedstriid moatte wy mar gau ferjitte.

Sawol SDS as CVVO krigen yn ‘e earste helte inkelde kânsen. By SDS wie it Henk Postma die ’t twa goeie kansen miste. CVVO wie tichtby de 1-0 mei in bal tjin ‘e peal. De twadde helte gie it spul op en del. In te koarte weromspylbal fan CVVO waard goed benutten troch Stefan van Krimpen, 0-1. CVVO spyle hjirnei de lange bal en bleaun drukken. Echt gefaarlik waarden sy noait. SDS koe foaryn net folle potten mear brekke al wurke de Lemster grinsrjochter ek net mei. Marten Faber krige net folle te dwaan en SDS 2 hôld wer de nul. Sy hawwe dit seizoen noch mar 6 goals tsjin krigen.

SDS pakte 3 wichtige punten yn ‘e reis nei it kampioenskip. Je kinne net altiten mei goed spul winne. Je wurde kampioen troch júst dizze wedstriden te winnen. Folgende wike spilet SDS 2 noch ien kear foar it winterskoft thús tsjin Oeverzwaluwen.