Teloarstellende weppers

Weppers woansdei 21-5
21 mei 2014
Weppers freed 23-5
22 mei 2014

D4
D4 hat fannemiddei gjin trainen………
Libbe


MC1
At it mei MC 1 dit jier noch wat wurdt is de fraach. Sij wolle graach in wedstriid fuotbalje mar hawwe dêrbij in tsjinstanner nedich. Foar de tredde kear yn koarte tiid steane se op it fjild te wachtsjen op in tsjinstanner dy’t net komt. It wie al wer Ljouwerte Zwaluwen dat it ôfwitte liet.. Frustraasje en teloarstelling.

A1
Sij hiene foar hjoed in thúswedstriid  mar juster wie it de tsjinstanner (GAVC) dy’t ôfbelle. It is de safolste kear dat A1 net fuotballet. It is faker ôflast dan dat it trochgien is dit seizoen. Noch 5 wedstriden te gean foar 1 juny…… Frustraasje en teloarstelling.

VR1
Skiedsrjochter bij de wedstriid SDS VR1 – Berlikum Vr1 wie Tjerk van der Pol. Ek hij hie it net nei de sin sjoen syn twiit:
Einde seizoen is merkbaar bij @ff_sds : lijnkrijt op, bestuurder van dienst op. #lastigfluitenzonderlijnenvlaggetjesenbal

Vr1
It wie juster de lêste wedstriid fan Tarina Veenje bij SDS, sa twittere sij justermiddei. Tsjin Berltsum kearde sij hiel wat doelripe kânsen mar sij koe net foarkomme dat it in teloarstellende 2-7 nederlaach waard.

Jan
Jan Stenekes leit yn Snits yn it sikenhûs mei in klaplong. No soe it hiel teloarstellend wêze as hy hielendal gjin kaarten krije soe. Jim kinne se stjoere nei:
Antonius Sikenhûs
Bolswarderbaan 1
keamer 190
8601 ZK Snits


Jan wachtet mei smart(……phone…), dus net te long wachtsje…

Noordelijke finales 35+
De SDS’ers dy ’t ôfrûne freed noch de Noordelijke finales helle hawwe fan de 35+ 7-tsjin-7 hawwe in lyts probleemke. Oan ’t no ta hawwe sy mar 6 man op papier foar de finales moarn yn Assen. Dat soe dus wolris teloarstellend ôfrinne kinne……
Wa ’t ien wit of wol mei wol efkes maile nei info@vv-sds.nl!

Aberdeen FC
In jonge fan fan Aberdeen FC baalt as in stekker dat it sa min giet by syn klupke. Hy hat it klupbestjoer dêrom in bryfke skreaun mei spilers dy ’t sy mar efkes helje moatte. Wy tinke dat dizze jonge fan teloarsteld wurdt……….

Programma sneon
Foar kommende sneon is der wer in aardich
programma. Wij soene tige teloarsteld wêze at dêr ek wer iets fan net troch giet. Wij tinke dat der in g.n.t. bij sit.

Harsens derby(1280)
Dat je sa ’n bal noch kere op de line is alderaardichst, mar it is wol teloarstellend dat je de bal dan krekt op je kin krije moatte……….

Letter hooplik net mear………….