Weppers freed 23-5

Teloarstellende weppers
21 mei 2014
Seleksjes 24-5
22 mei 2014

Slotdei jeugd
De pupillen fan SDS (dat binne Efkes, Eetsje en Dees) hawwe fannemiddei harren slottoernooi. Der  is wer fan alles te dwaan fanôf 17.00 oere. De fuotballers wurde om 16.30 ferwachte.

Efkes Balje
It Efkes Baljen kin jûn ek wer gewoan plakfine. De lokaasje is Wommels, it gers is grien, de bal is wyt en sokken binne net rose.

Kampioen?
SDS MC1 kin sneon as tredde SDS-jeugdteam kampioen wurde yn de foarjierskompetysje. Sy spylje om 14.00 thús tsjin Sint Anne MC1. Alle heiten, beppes, omkes, memmen, tantes, buorlju, freontsjes, pakes en eltsenien oars is wolkom!

Gjin Noordelijke finales
De SDS 35+ giet jûn net nei Assen foar it Noardelijke kampioenskip 7-tsjin-7. It slagge net om mear as 6 man op papier te krijen. Folgend jier sil de 35+ dan hooplik ek de grutte fan de seleksje oanjaan…… 

Kom nei Wommels
Dat is it tema fan de jierlikse bradery, it aaismiten en muzykoptreden yn Wommels. De Terp is de lokaasje en de optredende muzikant is
Bruno.

Grafische groep van der Eems
Hjoed giet de Schuttevaerrace van start yn Starum. Sile, fytse en drave. Ien fan de boaten dy’t meidocht is de
Sa Better fan Durk Jorrit van der Eems, sponser fan SDS.

Alderaardichst
It Nederlâns alvetal ûnder de 17 ferlear fan ‘e wike spitich genôch de EK-finale nei penaltys. Miskien hienen sy dit net allinnich dwaan moatten mei in frije traap tsjin, mar ek mei de penaltys:
fashion2

Harsens derby(1281)
Toet, toet, boing, boing!!