Stilstean bij en werom sjen op……

Tinus Hoekstra is stoarn
4 november 2014
Seleksjes sneon 8-11
6 november 2014

Tinus Hoekstra (71); âld jeugdtrainer, lieder, spiler, foarsitter en erelid fan SDS is stoarn.

Fannemoarn krigen wy as bestjoer berjocht fan de famylje Hoekstra dat harren man en heit moandei 3 novimber stoarn is.

Tinus hat yn syn libben in hiel soad dien foar SDS. It binne ûntelbare fuotstappen dy’t hy op de fjilden setten hat. As heit fan syn 3 jongens, as lieder en trainer fan de ferskate jeugdteams en dêrnei fan de senioren. Ek as fuotballer hat Tinus jierren yn it earste âlvetal fan SDS spiele. In wrotter en tagelyk in technysk mantsje. Dernei is hy lieder west fan it earste fan SDS.

Bestjoerlik hat Tinus ek syn plak wol skjin makke. Jierren hat hy as bestjoerslid fungere. Earst technyske saken en letter as foarsitter fan SDS. In funksje dy ‘t hy moai kombineare koe mei syn wurk as sporthalbehearder. Yn 1997 tydens it 50-jierrich jubileum fan SDS is Tinus beneamd as erelid fan SDS. In predikaat dy ’t hy seker ferstjinne hat. Dernei bliuw hy lid fan de feriening as in soartefan mantsje fan alles. Mei syn leeftiidsgenoaten makke hy de kantine skjin en waarden de fjilden wer klear makke foar de sneons. Want de sneonen wienen syn uitje. Wat mocht hy hjir graach wêze en efkes neisitte. Gesellich mei in glêske bier of jonkje. Sterke ferhalen,  geweldich.

De lêste tiid wie Tinus net folle mear op it fuotbalfjild. Syn sûnnens liet dat net mear ta. It hat in drêge tiid west foar Tinus it ôfrûne jier. Net allinich foar him mar ek foar Tiny en de bêrn. Oan de Skippersbuorren, in daalders plakje hie hy in skitterend útsicht oer de landerijen en koe hy altyd wol hearre as der wat op it sportfjild barde.

Wy winskje Tiny mei har bern in protte sterkte ta om dit ferlies in plakje te jaan.

Op fersyk fan de famylje gean de fuotbalwedstriiden fan sneon sa folle as mooglik troch.

Sneontemoarn is de routsjinst yn Reahûs en dernei wurd Tinus ta hôf brocht yn Easterein. De tsjinst begjint om 10.30, fanôf 9.45 kinne wy de famylje kondoleare.

Leden en bestjoer fan SDS.

Hjirûnder in foto-oerssjoch fan Tinus Hoekstra, dy’t yn alle geledingen en op alle mominten dwaande west hat foar SDS.

As spiler fan SDS 1……. 

Steand: Jan van Asselt, Tinus Hoekstra, Geert Hiemstra, Freark Smink, Ypma,
Sittend:  A. de Boer ,Jan de Boer, Siepie Visser, Theo Jelsma en Piet de Jong.
 

As foarsitter ………

As tegellizzer op de Skoalleseize…..

As trainer bij E1……

As trainer bij in oare E1 mei neist him soan Christiaan 

As lieder bij SDS 1……..

 

As lieder bij SDS 2…… 

As sporthalbehearder….

As grutske speltsjedrager ……
 

As ferhuzer at de âlde kantine der wei moat ……

As neisitter………..


As ôfkienimmende foarsitter…………..


As skiedsrjochter,

as barman,

as supporter,

ja wat net……