Sneon 9-2-2019

Weppers freed 8-2-2019
8 februari 2019
Weppers moandei 11-2-2019
11 februari 2019

It earste folsleine wedstriidprogramma nei de winterstop. Foar de measte jeugdteams begjint wer in nije kompetysje troch in nije yndieling.
Hawwe jim wat aardichs te melden oer je wedstriid, in ferslach of oars wat aardichs, mail it dan nei aant@vv-sds.nl en/of willem@vv-sds.nl.

Dizze earste sneon 10 thúswedstriden en 12 útwedstriden.
De wedstriden fan SDS 3 en JO15-2 geane spitich genôch net troch.

Ferjit net om hjoed foar 19.00 oere je nije SDS-League yn te leverjen!

09:00 ST SDS/Nijland JO15-3 SC Bolsward JO15-4
09:00 SDS JO12-1 Scharnegoutum’70 JO12-1
09:00 SDS JO11-1 Blauw Wit ’34 JO11-5 9-0
09:00 SDS JO10-1 Balk JO10-2
10:30 SDS JO17-1 FVC JO17-2 2-2
10:30 SDS MO15-1 SC Bolsward MO15-3 8-1
12:00 ST SDS/Nijland JO19-1 FVC JO19-1 4-0
12:30 SDS JO17-2 Balk JO17-2 3-5
14:30 SDS 1 Oeverzwaluwen 1 0-2
14:30 SDS 3 Lions’66 4 g.n.t.
08:45 Zeerobben JO15-2 ST SDS/Nijland JO15-1 3-0
09:00 SC Bolsward JO15-3 ST SDS/Nijland JO15-2 g.n.t.
09:00 MKV’29 JO11-2 SDS JO11-2 14-0
09:00 S.F. Deinum JO9-1 SDS JO9-1
09:00 Black Boys MO13-1 SDS MO13-1 g.n.t.
10:00 Delfstrahuizen JO13-1 SDS JO13-1 3-1
10:15 Blauw Wit ’34 JO12-3 SDS JO12-2 0-12
10:15 Zeerobben JO8-2 SDS JO8-1
12:30 Leovardia 2 SDS 2 2-3
13:00 Annaparochie St. VR2 SDS VR1 1-7
14:30 Oudega 2 SDS 4 1-0

SDS 1 – Oeverzwaluwen 1   0-2

It waaide hurd.
Hie SDS in penalty hawwe moatten?
De rêststân wie 0-0.
De einstân o-2.

Steven waard dochs wol aardich beetholden binnen de sechtjin meter……….. (foto Henk Bootsma)
Mear foto’s kinne jim op de webside fan Henk Bootsma fine.

Pupillen hâlde harren steande


It waaide dat it rikke en Habtamu de Hoop hie dan ek hâlden en kearen om der foar te soargjen dat de twa pupillen (Sjoerd Breeuwsma en Zenn Hoitinga) net fuortwaaiden.

Leovardia 2 – SDS 2     2-3

SDS 2 kaam 1-0 efter, dêrnei mei 1-3 foar en de einstân wie 2-3. In moaie oerwinning fan SDS 2 mei doelpunten fan Yward Zijlstra en Arjen Los (2)

Oudega 2 – SDS 4    1-0

Oudega skoart it beslissende doelpunt (Foto fan ferslachjouwer Oudega 2)

It slagge SDS 4 net om de punten mei te nimmen út Oudega. De oranjehimden wûnen mei 1-0. Sjoch hjir foar in fotoferslach op de side fan Oudega

St Anna Parochie VR2 – SDS VR1

Foarige wike kaam St. Anne bij us op bezoek en hjoed mochten wij nei hun ta. Sinds foarige wike spielje wij yn de nije voetbalshirts

(sponser: SLOT funderingstechniek) en he wij de nije polo’s

(sponser: Van Krimpen autoschadeservice).
Foar de wedstriid werd der melden dat:
• De bal moest leeg bliuwe
• Bal yn de ploech hoare
• Net tefolle mei de bal rinne
• En it doelsaldo mat omheeg
Dit is us allejer lukt. We begong de wedstriid foar de wyn. Hester makket de wedstriid gelyk los mei in goal. Nij in kertier he wij al in soad kansen makke en nei in hjeloere sjit Femke de bal oer de keeper en scoort! Foar de rust tikt Femke der nog in goaltsje yn en is it 0-3. Yn de 1e helt is St. Anne hast net op us helt west en het Marjo it kald kriegen want se het de bal mar in pear keer oanrekke.
2e helt begjinne we gelyk wer mei in goal! Hester kopt ut in corner de bal yn it goal. De verdediging (Marrit, Janieke, Richtsje en Gerry) stjit goed want St. Anne komt der net troch hinne. Femke makket in foarset op Hester en die makket wer in goal: 0-5! Vlak dernei sjit Seriette oer de keeper hinne tsjin de onderkant lat, de bal stuit de goeie kant op it goal yn: 0-6! Elske stjit super te voetballen op it middenfjild en Marije wint alle duels. Se proberen ek bij it goal te kommen mar der komt gjin goal ut. Dan komt Bauke(vlagger) ek nog even yn beweging at St. Anne even op us helt komt. Dit is al snel foarbij want Seriette krijt alwer de bal. Se spielet de keeper ut en der is dan de 0-7! Yn de letste 5 min. scoort St. Anne nog 1 goal helaas. Dermei is de utslach 1-7 en gean we tevreden nei hus.
Lysanne

SDS JO17-2

Dat de wyn fan ynfloed wie op it spul hjoed wie wol dúdlik. Bij SDS JO17-2 hie dat in ferfelend gefolch. Sij stiene mei 3-0 foar mar ferlearen yn de twadde helte mei de wyn tsjin mei 3-5 fan Balk JO17-2

SDS JO11-1 – Blauw Wit JO 11-5

Eerste wedstrijd in de voorjaarscompetitie voor SDS JO 11-1 gelijk een 9 klapper.  Vandaag was het op 1 ding na DE WIND gelijk weer ouderwets genieten van SDS JO 11-1.

De wedstrijd van vandaag was tegen het gepromoveerde Blauw Wit’34 JO 11-5.
De coach bepaalde voor de wedstrijd dat SDS JO 11-1 de eerste helft tegen de wind in ging voetballen en pakte gelukkig voor de coach ook goed uit.
We gingen met een 3-0 voorsprong de rust in.

In de rust gaf ik mijn toppers 2 dingen mee blijf voetballen en hou rekening met de wind.
2e helft werd het snel 4-0 en gaven we achterin bijna niks weg.

Gedurende wedstrijd bleek SDS JO 11-1 al snel een maatje te groot te zijn voor Blauw Wit’34 en werd de eindstand 9-0.

Mooi begin voor SDS JO 11-1 en de supporters de hun handen gelijk bij de eerste wedstrijd warm konden klapten met al die doelpunten.

Er stond een team vandaag die alles gaf en samen streden voor de overwinning.
Groet Dennis
Laterzzzzzz.👌

De SDS sjaal

At je pub (T)He Albert ynstappe yn Liverpool, flakbij Anfield, dan wurde je “oerfallen” troch in haach oan sjaals. Ek Pieter de Boer, Inne Heerma, Johan Heerma en Boudewijn Kramer gienen hjoed op syk nei de SDS sjaal dy’t Freddy Scheltema dêr, al moai wat jierren lyn,  efter litten hat. En se fûnen him. De 4 SDS-ers koene 3 kear jûchhy roppe