Weppers freed 8-2-2019

Weppers tongersdei 7-2-2019
7 februari 2019
Sneon 9-2-2019
8 februari 2019

SDS 1 – Oeverzwaluwen 1

It seizoen begong mei  útwedstriid Oeverzwaluwen 1 – SDS 1 en moarn stiet de thúswedstriid op it programma. Dizze seleksje wurdt om 13.15 oere yn de kantine ferwachte:
Jaap Toering, Remco Hylkema, Jacob-Klaas Haitsma, Gerwin Sijbesma, Ewout de Boer, Erik Haitsma, Pieter Sijtsma, Matthijs Postma, Bauke Dijkstra, Wiebe Heeres, Frank Bervoets, Steven van der Pol, Habtamu de Hoop en Jelmer Posthumus.

Leovardia 2 – SDS 2

De ploech út Ljouwert hat 22 punten yn 11 wedstriden en SDS hat er 12.  In goed momint om it ferskil net grutter wurde te litten. Dizze mannen wurde om 11.00 oere yn de kantine ferwachte om nei in bakje kofje rjochting Ljouwert te riden:
Gertjan, Bauke, Hendrik de J., Watze-Jacob, Yward, Arjen, Anne, Bote, Feite, Jesse, Jurjen, Lieuwe, Niels, Ralph en Sjoerd.
Riders: Jeroen, Gertjan, Arjen en Jesse.

SDS 3 – Lions ’66 4 giet net troch

Mei 16 punten út 9 wedstriden docht SDS 3 it prima. It fjirde fan Lions ’66 hat er 17 punten, mei ien wedstriid mear spile. Dus hie dit in moaie wedstriid wurde kinnen…….. Spitich genôch hat Lions 4 te min spilers en giet de wedstriid net troch……. Wy kinne ús wol begripe wêrom as ‘The Four Lions’ inkelde spilers tekoart komme…………(sjoch hjir). 😉

Oudega 2 – SDS 4

Wij binne benijd hoe’t it transferferlies fan Jelmer Posthumus opfongen wurdt bij SDS 4. Mei 18 punten in subtopper mar kinne se dat ek bliuwe nei in besite oan Oudega 2?
Om 13.15 oere nimme dizze lju earst in bakje kofje yn de kantine en dêrnei fertrekke sy nei Aldegea:
[5-2 21:22] Wietse Vink: AAANNNWEZIGGGG💪🏼
[5-2 21:28] Allert Turksma: Aanwezig
[5-2 21:30] Arjan Hallama: Aanwezig
[5-2 21:44] Gert jan hessels: Aanwezig
[5-2 22:05] Johan wtd: Aanwezig
[5-2 22:45] Haye Jan de Boer: Aanwezig
[6-2 09:14] Andries trekheak: Aanw
[6-2 13:50] Doede Sijsling: Aanwezig
[6-2 16:11] Igor: Aan btw
[6-2 17:22] Klaas Bouke SDS: Aanwezig
[6-2 19:16] Sytse hibma: Aanwezig mbt zaterdag ballen tegen Oudega
[6-2 19:40] Steffen Jokertje: Hoppa 11 en een halve al🤙🏽 die halve ben ik 😎🤣
+ Doede Douwe Kooistra

SDS VR 1 nei de Bildthoeke

De Sint Annabuursters fan Sint Annaparochie VR 2 binne no de gastfrouen foar SDS VR1.  SDS hat yn de ranglist 15 punten mear.

André Vink is wer thús!

Wy binne bliid dat wy melde kinne dat André Vink ferline wike wer thús kommen is om fierder te herstellen. Hy is noch lang net de âlde, mar it begjin is der! Set ‘em op, André!

Fan herte lokwinske!

SDS-supporter Lolke Hofstra is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Fan herte lokwinske!

Trainer fan SDS 1, Douwe Posthuma, is hjoed ek jierdei! Fan herte lokwinske! Hooplik hat de seleksje fan SDS 1 moarn in moai kadootsje foar him!

SDS-League ynleverje foar sneon 19.00 oere!

Ferjitte jim net om jim nije team foar de SDS-League foar sneon 19.00 oere yn te leverjen? Der lizze no ek ynfulbryfkes yn de kantine.
De wedstriid tusken AZ en NAC telt dan ek noch net mei yn de telling foar de SDS-League.

Harsens derby (2102)

‘Nee, Happie, Erik nimt de frije traap’!