Weppers moandei 11-2-2019

Sneon 9-2-2019
8 februari 2019
Bekerje tsjin Twijzel
12 februari 2019

Underút

SDS 1 moat kommende sneon út tsjin de koprinner yn de 3e-Klasse A Wolvega. Sy gienen ôfrûne sneon mei mar leafst 6-1 ûnderút by Heerenveense Boys. Wy hawwe in idee hoe ’t de trainer fan Heerenveense Boys, Tonnie Kerstma, der it wykein by sitten hat……….

 

Bekerje

SDS spilet de kommende twa kompetysjewedstriden út tsjin Wolvega 1 en Heeg 1 en is sneon 2 maart frij. Dat betsjut dus in moanne gjin kompetysjewedstriid thús………. Tuskentroch bekert SDS 1 wol thús yn de fjirde ronde op tiisdei 19 febrewaris om 20.00 oere tsjin Twijzel 1.

Der yn!

SDS koe sneon net skore tsjin Oeverzwaluwen. Pieter Sijtsma woe de bal der wol yn skreeuwe!


Foto Henk Bootsma

De trainer


Dit fûn de trainer der fan (boarne LC)

Pechfûgel (1)

By SDS 2 foel ofrûne sneon Bote Strikwerda al út nei 2 minuten……………. Swipeslach…….. En dat krekt foar de wintersport………

Pechfûgel (2)

By SDS JO19-1 foel ôfrûne sneon Sjoerd de Boer út in kertier foar tiid. Hy wie troch syn ankel gien en hat der no in dik aai op…………. Krekt foar de wintersport………

SDS-Look-a-likes!

Yn eltse edysje fan ús klupblêd, de Treffer, treffe jim ien fan ús favorite rubriken; de SDS-Look-a-like. Foar it folgende tnûmer fan de Treffer binne wy noch op syk nei nije SDS-Look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy sjogge der nei út! 
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!

SDS-League

Wy hoopje yn de rin fan dizze wike mei de earste stân fan de SDS-League te kommen.

Harsens derby (2103)

Toet, toet!

 

 

 

Letter miskien wol mear!