Weppers freed 29-9-2017

Weppers tongersdei 28-9-2017
28 september 2017
Sneon 30-9-2017
29 september 2017

De nije SDS-flagge

De nije SDS-flagge hong al by SDS – FC Dordrecht en de bekerwedstriden fan SDS, mar moarn foar it earst by in kompetysjewedstryd fan SDS 1. Hy soe moarn efentueel feestelijk oerhandige wurde, mar om ’t hy al wat wiken hinget is der besletten om dit bennefter te litten. Wy sille de “materiaalmannen” Klaas de Haan, Lolke Bouma, Willem Twijnstra, Douwe-Dirk Reitsma, Johannes Nauta, Oetze Paauw, Klaas Overal en Andries Stuiver letter noch al ris yn it sintsje sette.

SDS 1

Foar SDS 1 sneon de earste thúswedstriid fan dit seizoen. Om 15.00 oere is Oudehaske 1 de tsjinstanner. De seleksje:
Jaap, Gerwin, Jacob, Bauke, Elger, Wiebe, Matthijs, Frank, Habtamu, Erik, Lourens, Hendrik, Marco, Arjen.

Wedstrydsponsers en pupillen

De wedstrydsponsers moarn by SDS 1 – Oudehaske 1 binne de SDS-supporters fan it earste oere Akke, Eke, Dukke, Tiny, Annie, Gatske, Baukje en Willy.
De pupillen fan de wike binne Hessel Abels en Sander Velzen.

SDS 2

Om 14.45 begjint yn Warkum de wedstriid Workum 2 – SDS 2. De seleksje:
Gert Jan, Feite, Jesse, Hendrik E, Jort, Bote, Pieter vdP, Wiebe, Anne, Gerrit, Dirk, Sjoerd d V, Jildert, Jurjen.
de riders: Boudewijn, Pieter vdP, Sjoerd, Tjeerd.

SDS 3

Iets fierderop is dan de wedstriid fan Oeverzwaluwen 4 tsjin SDS 3 al in kertier dwaande: Dizze sportive keardels sille de trije punten meinimme:
Jorrit, Remon. Dirk Yde, Gert Jan, Hans, Ids, Jan Simon, Jeroen, Robert, Tjeerd, Harm, Wichard, Willem, Ype, Anco en Daan.
Om 13.15 geane se fuort.

SDS 4 giet net troch……..

Sy soenen der sneon in lette boel fan meitsje troch pas om 15.30 oere QVC 3 te ûntfangen. De B-seleksje bestie út: Johan, Peter, Ids, Wouter Jan, Gert Jan, Eeltje, Jelle, Johannes, Thomas, Ruun, Pieter, Broer Jacob, Allert, KB, Sytse, DDK. En sy soenen om 14.45 kofje drinke.
Sy kinne no de hiele dei wol kofje drinke, want QVC hat te min spilers en komt net………
Miskien kin QVC 3 wat spilers fan SDS 4 liene?

SDS VR1

Ek de froulju fan VR1 fan SDS trede let oan. Om 15.00 oere is de ôftraap yn Skearnegoutum; De seleksje:
Tarina, Gerry, Janieke, Geeske, Richtsje, Lysanne,
Alissa, Sieta, Hester, Seriette, Tjitske, Sanne R., Kirsten, Agnes.
Flagger: Simon Kingma

Fjirde helte

Wy hawwe wol in idee wêr ’t in bult SDS’ers hinne sille nei de tredde helte yn de kantine:

Doel


Soms is it net sa maklik om je doel te heljen.

Harsens derby (1928)

De Usain Bolt fan FC Basel draaft 95 meter yn 11,4 sekonden en skoort ek noch efkes…..; Dimitri Oberlin!