Sneon 24-10-2020

Enkête oer vv SDS
24 oktober 2020
Weppers moandei 26-10-2020
26 oktober 2020

JO19-1 – JO17-1

Fan ús spesjale fotograaf (Pieter de Boer, fan wa hat er dat?) ) oan de kant kinne wij no noch wat foto’s sjen litte fan dizze oefenwedstriid. De âldste jonges wûnen mei 8-1.

Sjoerd de Boer flagge wer in wrâldpot

SDS JO19-1 en SDS/NIjland JO17-1

Koach Folkert Rients (JO17-1) en koach Henk Mulder (JO19-1)

SDS-Minileague


De mannen fan de Minileague mochten ek wer los ûnder lieding fan Tjerk van der Pol.

De toer

Ek de mannen fan de Minileague spylje it leafst nei de toer. By de Minileague is dit op meardere manieren mooglik te meitsjen.


“Dy toer stiet fierderop”; sei Niels.

Blêden


Wat moat je oars ek op sneon at ik je net op it sportpark komme meie, tocht Klaas Overal. Hij die syn griene overal oan en wie dus drok dwaande om de hinderlike blêden op en bij it trainingsfjild efter de sporthal op te romjen. De grutte beammen dêrwei soe ek in opsje wêze foar de takomst, sa liet Klaas ús witte.

Leech


At er gjin âlders bij it fuotbal komme meie,  dan bliuwt it parkearterrein wol hiel leech op in sneontemoarn

Oefenje (1)


De jonges fan SDS/NIjland JO 15-1 en SDS/Nijland JO15-2 mochten wol balje en dy kâns waard oangrepen om mei en tsjinelkoar te oefenjen. De miks levere in doelpunt op foar de hesjes. Uteinlik wûnen de hesjes mei 5-3.

De Treffer

De Treffer is klear en dan begjint it logostike diel: it rûnbringen. It doaske fan Spannum, Winsum, Iens, Hinnaard giet fan Metsje fia Anne nei Aant. Dy sÚtelt rûn yn Iens en Hinnaard en  fytst de rest nei Hendrik Eringa, dy’t Spannum besoarget. Dêrnei fytst Hendrik nei Winsum want dêr wennet Sybren Wassenaar om Winsum te besoargjen.

At Hendrik op de kamping bij Peasens Moddergat sit, dan fynt er se letter wol  oan de doar dy’t befeilige wurdt  mei ôfskrikweardige bylden.

Lêste dei om te stimmen op SDS mei Rabo ClubSupport

Hawwe jim al op SDS stimd mei Rabo ClubSupport? Net stinne, mar stimme! Hjir kinne jim lêze hoe ’t dat yn syn wurk giet. Jim hawwe net sa lang mear. It slút namelijk nei moarn (snein 25 oktober).

SDS enkête

Ferjitte jim net om de SDS-enkête foar Rients de Boer yn te fullen? Jim kinne der hjir alles oer lêze.

Harsens derby (2264)

Ho!