SDS stypje mei Rabo ClubSupport!

Weppers woansdei 21-10-2020
21 oktober 2020
SDS-League: ‘vv DWO’ pakt de earste wykpriis!
22 oktober 2020

Tegeare fiere wy de winst!

Mei Rabo ClubSupport ynfesteard Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland in part fan harren winst yn lokale klups en ferienings.

Hoe wurket it?

Asto lid bist fan de Rabobank kinsto SDS helpe!
Stimme kin fia dyn eigen Rabo-app fia ‘Zelf regelen’, ‘Lidmaatschap’ en ‘Rabo ClubSupport’.
Sykje ferfolgens op “V.V.”
Ferjit de puntsjes net en selektear dan ‘V.V. SDS’.
Je kinne 5 ferienings/klups útsykje.
Dêrnei kinne je by ‘stemmen’ je stim útbringe. Elts lid fan de Rabobank krijt 5 stimmen. Do meist 2 kear op deselde feriening stimme.
Neist SDS kinst dan noch stimme op bygelyks KF Easterein, KF Wommels, Tennisferiening Easterein of Wommels, Stichting de Tsjerne of Zwembad De Klomp.

Wêrom stimme?

SDS wol it jild wat hjirmei fertsjinne wurdt graach brûke foar de slotjûn fan de jeugd.

Stimme!

Hjir kinne je sjen wa ’t der allegear meidogge.

Net stinne mar stimme!