Sneon 22-6-2019

Nijste teamyndieling famkes 2019-2020
20 juni 2019
SDS JO19-1: HET seizoen
24 juni 2019

Is der noch wat te dwaan op dizze sneon? Jaseker!

Fuotbal

Hjoed de hiele dei yn Dronryp it Midsimmertoernooi.
Ek SDS die mei.

Poulewedstriden
3-0 MKV
2-2 Exstudiantes
1-1 Birdaard

Birdaard wurdt earste en SDS twadde

Achtste finale

SDS – Wardy      2-0

Kwartfinale

SDS- Zeerobben   2-3

Finales

Winner wurdt úteinlik Leekster Eagles dat fan GRC Groningen wint yn de finale.
Bij de froulju wint Drachtster Boys

Keatse (1)

Jim koene ek gewoan nei de Skoalleseize ta. Want op de Skoalleseize yn Easterein wie it Nederlâns Kampioenskip Keatsen foar froulju. Easterein en Wommels diene beide ek mei. Winner waard úteinlik Wommels mei Sjanet Wijnia , Martzen Deinum en Anna -Brecht Bruinsma (ferfanger yn de finale wie Hester Bruinsma). Koach wie SDS 3 spiler Wichard Deinum

Keatse (2)

Hâlde jim net fan frouljuskeatsen dan  hie der ek in mooglikheid west om efkes yn Itens te sjen. De earste klassers gyngen dêr los fanôf 11.00 oere. Der steane 12 partoeren en 1 man op de list.  Bauke Dijkstra (A-seleksje) wûn de twadde priis

Muzyk

Nei alle sportive bezichheden oerdei kinne je jûns noch efkes nei Jorwert foar wat sosjale kontakten en muzikale foarming. Dêr is Mukpop.
Jack Bottleneck en Bintangs spylje dêr neist noch wat oaren.

Efkes Balje op freed


It fjild yn Wommels leit er dizze simmer prima bij. It wurdt meand sa’t in sportfjild meande wurde moat en it wurdt letter yn de wike dien. It nivo fan de 14 man dy’t er wiene wie dan juster ek heech