Sneon 17-12

Weppers freed 16-12
16 december 2016
Weppers snein 18-12
18 december 2016

SDS JO15-1 – LSC JO 15-2   4-1

SDS Jo 15- 1hat krekt skoart en giet yn grutte bliidskip werom nei eigen helt

SDS Jo 15- 1hat krekt skoart en giet yn grutte bliidskip werom nei eigen helt

 

F-pupillen

sds-sealtoernoai-fkes-des-2016
Er is vandaag weer fanatiek gestreden op het Krystsealtoernooi. Er waren maar 4 teams van 4 spelers zodat ze mooi 2x tegen elkaar konden voetballen.
Ajax: Jarno, Eelke, Yorick en Tsjeard moesten het in de troostfinale opnemen tegen
PSV: Hessel, Sven, Willemijn en Jorrit. In een spannende wedstrijd won PSV.
In de finale moest Heerenveen: Sander Vriesema, Niek, Zenn en Lars het opnemen tegen
Feyenoord: Sander Velzen, Reinder, Rudmer Jesse en Melle.

In de  onderlinge wedstrijden werd er gelijk gespeeld tussen hun beide dus dit beloofde een spannende finale te worden!

Uiteindelijk won Heerenveen en waren ze 1e en Feyenoord 2e.

Sealwedstriden

Hjoed binne SDS JO09-1, JO11-1 en JO11-2 yn Ljouwert aktyf op it KNVB sealwintertoernooi

Efkes Balje

It wie freed de FerkeardeKrysttruieDei. Der wiene juster 13 man op it Efkes Baljen en net ien hie in ferkearde trui oan. Ek net in ferkeard sjurtsje trouwens. Of it moat sa wêze dat Remco en Foeke Dirk harren Ajax sjurtsje ferstoppe hiene fanwege in iets minder suksesfol optreden yn Ljouwert in dei earder fan harren favorite klup.
Ek dizze kear wie der wer leeftydsdiskriminnaasje want de wat âlderen waarden wer bij elkoar setten. De 6 fitte, enersjieke, hurddraavende, hurdsjittende en beweeglike jongeren mochten it opnimme tsjin 7Xâld. 
In waard in striid fan de lange adem mei wikseljende kânsen. 7Xâld nam wol brutaal in foarsprong mar moast tasjen dat 6Xjong mei in soad enerzjy in 6-3 foarsprong naam.
It waard sels 8-5 foar 6Xjong, mar dêrnei kaam it yndie op dy lange adem oan en de absoluyte wil om te winnen.
It waard 8-8 en der wie noch in minút as 5 te gean. Wat in striid, wat in kânsen oan beide siden en wat in spanning. Sipke leppele mei in droege skower de 9-8 der yn foar 7Xâld. De tsjerketoer fan healwei njoggen oere wie it befrijende sinjaal dat de grutte partij bij 7Xâld bijskreaun wurde kin yn harren earelist.

Efkes hongen de 7Xâlders oer it doel, oer it stek of leinen yn it rubber op syk nei adem. 6Xjong net, dy stiene harren ferlies te analysearjen en makken plannen foar de grutte finale.
Ek dat wie wer in spannende en moaie striid. 6Xjong op 1-0 troch Remco, de 1-1 troch in 7Xâlder mei in burd en úteinlik de 2-1 troch Remco. Ek 6Xjong koe troch dizze oerwinning mei in tefreden gefoel nei hús. En…. yn de mikrofoan fan de altyd oanwêzige parse hiene se allegear it selde ferhaal. Se seine  allinne mar wat alle  betelle fuotballers tsjintwurdich sizze: “Ik wilde belangrijk zijn voor het team”
6Xjong: Foeke Dirk, Remco, Dennis, Folkert Rients, Menno, Frank
7Xâld: Wouter, Ferry, Pieter V, Klaas, Harrie, Sipke en Aant