Weppers freed 16-12

SDS-League: ‘Salestijgers’ pakt wykpriis!
15 december 2016
Sneon 17-12
17 december 2016

Op’e Skille

Yn de op ‘e Skille fan dizze wike in petear mei Marco en Robert Hoekstra. At jim dy net hawwe dan kinne jim de tekst fan it interfjoe hjir lêze.

Lêste wedstriid bûten

Sneontemoarn kinne wij noch ien kear dit jier klomjend nei it fuotbaljen sjen. Mar miskien wolle de jonge fan SDS JO15-1 der wol in leuke wedstriid fan meitsje sadat wij de hannen waarm klappe en de fuotten waarm stampe fan entoesjasme. De wedstriid begjint om 10.30 oere.

Trainerskaroussel

De trainerskaroussel is alwer in folle gong. Sa sil b.f. âld-SDS-trainer Marcel Frankena fan vv Warga oer nei DTD en Arjen Hoekstra fan Workum nei vv Heeg. Germ de Jong giet fan CVVO nei vv Sneek/Wit-Zwart en Daniël Schmidt fan WPB giet nei CVVO. Bert Hollander giet fan LSC nei Blauw-Wit. Jan Venema wurdt de nije trainer fan Workum.
Der binne ek trainers dy ’t gewoan by harren klup bliuwe. De âld-SDS-trainers Lykle Bleekveld, Johan Faber en Broer-Wiebe de Ringh bliuwe respektyflik by harren klups sc Franeker(sneons), Tzummarum en HJSC. Ek Hans Kraaij jr. hat syn kontrakt by Lienden ferlingd….

Beker

SDS leit al út de beker, mar klups lykas WPB en vv Scharnegoutum sitte der lykwols noch wol yn. Scharnegoutum moat yn de folgende ronde út yn Leek tsjin 1e-Klasser VEV’67 en WPB mei út nei Oudehaske. Sjoch hjir foar de komplete lotting.

Efkes Balje

It is wer freed. Fiskdei, merke yn Ljouwert en it sil fansels ek wol in dei fan it ien of oare wêze. Yn alle gefallen is it ek de dei fan it Efkes Balje. Om 19.30.

Harsens derby (1807)

As de tsjinstanner allinnich op de keeper ôf sil dan kinne je as échte supporter mar ien ding dwaan……….