Weppers snein 18-12

Sneon 17-12
17 december 2016
RIVM: ‘Feilich om op keunstgers te fuotbaljen’
19 december 2016
wietse-fopma-vvo

It sjurt fan Futsal Scharringa stie Wietse Fopma o sa kreas!

Krystsealtoernoai Frjentsjer

Justerjûn wienen der wer ferskeidene SDS’ers en âld-SDS’ers aktyf op it krystsealtoernoai yn Frjentsjer. Sa seagen wy Jaap, Feite, Erik, Jacob-Klaas, Sicco, Pieter en Willem by SDS, Bote Strikwerda en Wietse Fopma by Futsal Scharringa en Wietse Lanting, Remco Piek en Freek Tichelman by Boubedriuw Kooistra. Ek Jelte-Pieter Dijkstra wie fan de partij. Sy dienen it allegear net gek. Sawol SDS, Futsal Scharringa as Boubedriuw Kooistra stiet nei juster twadde yn de poule. SDS spile juster de earste wedstryd lyk mei 1-1 en wûn dêrnei mei 1-0, 2-0 en 1-0. 2e-Krystdei wurde de rest fan de poulewedstriden spile en middeis binne de finales.
pouleA
pouleB
pouleC
pouleD

Sûkerbôlen

Bauke de Boer en Ype Tiemersma
Der binne freed en sneon wer hiel wat sûkerbôlen rûnbrocht troch frijwilligers bij frijwilligers.  Ype en Bauke krigen der in goed sin fan.

SDS 3 derop út!

SDS 3 hie justerjûn syn jierlijkse teamuitje. Sy gienen mei syn al te bowlen en te iten yn de Grote Keizer yn Ljouwert. Je geane fansels leaver mei syn allen te bowlen dan dat je thús by de frou op de bank sitte…………….. 😉 (sjoch hjir).

Dikke drol

keutel
Sneontemoarn doe’t SDS JO 15-1 it keunstgersfjild opgie foar de wedstriid tsjin LSC JO 15-2 , waarden se ferrast troch in brúne drol op it fjild.
Hokker drol lit syn hûn hjir no skite?
Om reden fan smaaklikheid hawwe wij de foto , dy’t nommen is troch koach Ferry mar sa lyts mooglik holden.

 

Techniek

Yn de Krystfakânsje is der foar de juegd in mooglikheid om mei te dwaan oan de ZaalTechniekKampioenschappen 2016. Jim kinne der hjir mear oer lêze. It wurdt holden op ferskillende plakken yn Fryslân.

Ut de âlde Treffer

Yn 1981 spile SDS  5 tsjin Mulier.  Op wei werom barde der dit…. De skriuwer stiet er net bij. Wit immen dat?

1981-de-swan-sds-5

 

 

Blues

Wij tinke dat de Feyenoord supporters hjoed mei in grutsk gefoel bij de blues yn Noflik omrinne en dat it om kertier foar sânen oan de gesichten fan de PSV en Ajax supporters te sjen is hoe’t dat ôfrûn is….. DE pitblues fan Roadhouse docht meast wûnderen en lit je alles ferjitte foar efkes.

Harsens derby (1808)

Dy bal sykje sy no noch………….