Weppers freed 16-11-2018

SDS-League: FC Systeemplafond pakt de wykpriis!
14 november 2018
Sneon 17-11-2018
16 november 2018

Kin SDS 1 it ferskil nei 3 punten bringe?

SDS stiet 6 punten efter op Minnertsga. It soe moai wêze om dat werom te bringen nei 3. Sneon de ideale gelegenheid, want SDS 1 – Minnertsga 1 stiet op it programma. Om 13.15 oere yn de kantine, om 13.30 de bespreking en om 14.30 oere yn Easterein mei dizze opstelling:
1 Jaap Toering
2 Gerwin Sybesma
3 Jacob-Klaas Haitsma
4 Marco Rijpkema©
5 Remco Hylkema
6 Wiebe Heeres
7 Habtamu de Hoop
8 Ewout de Boer
9 Hendrik de Jong
10 Erik Haitsma
11 Lourens van der Pol
12 Bauke Dijkstra
13 Frank Bervoets
14 Pieter Sijtsma
Matthijs en Yward binne blesseard en Gertjan, Watze en Jorrit geane mei SDS 2 mei.

Kin SDS 2 nei sneon ek omheech sjen?

It twadde moat nei Heeg en dy steane yn puntsje heger yn de ranglist. Mei in oerwinning yn Heeg geane se yn alle gefallen ien ploech foarbij. Dit is de seleksje dy ’t om 13.00 oere út Easterein fertrekt.: Gertjan, Watze, Jorrit, Anne, Bote, Dirk, Feite, Inne, Jort, Jurjen, Lieuwe, Niels, Ralph en Sjoerd.
Riders: Anne, Niels, Sjoerd en Inne.

Kin SDS 3 de koprinner bedwinge?

Nee is it antwurd.
VVI dielt op tongersdetejûn al in knock-out út troch ôf te beljen. En dat wylst de lieders fan SDS 3 de sneon beskikbere seleksje fan 21 man krekt úttine hie (mei pine yn it hert) nei 15 man…
Wij ha begrepen dat in inkele spilersfrou dit ôfbelgedrach net langer pikt…..

Kin SDS 4 heech op de ranglist bliuwe?

Ek SDS giet nei Heech. Om 14.30 oere tsjin Heeg 3 mei dizze seleksje:
Allert, Andries, Arjan, Bram, Broer-Jacob, Doede, Eeltje, Gert-Jan, Haije-Jan, Igor, Johan, Jehannes, Klaas-Bauke, Martijn en Hendrik Engbrenghof.

Seal krekt ferlern

De sealfuotballers fan SDS hawwe woansdei mar wer krekt ferlern. Fan in 1-0 efterstân kamen sy werom nei 1-1 en nei 3-1 waard it wer 3-3, mar úteinlik waard der dochs mei 6-4 ferlern. De goals wienen fan Bram en Willem. Beide earlijk ferdield.

50 jier


At in bedriuw 50 jier bestiet is der seker wat te fieren. Technisch Metaalbedrijf de Jong (koartsein TMB de Jong of noch dúdliker it bedriuw fan Jelle de Jong) út Wommels  bestiet 50 jier en dat is in lokwinske wurdich.

As sjurtsponser fan it suksesfolle SDS 3 is Jelle mei syn bedriuw al hiel lang ien fan de stipers fan SDS.  It bedriuw fiert dit wykein feest mei in bedriuwsútsje en hat foar belangstellenden op sneon 24 novimber in iepen dei fan 10.00 oant 16.00 oere.

Nijjierssit

Op sneon 5 jannewaris hawwe wy wer ús jierlijkse nijjierssit. Dat wurdt dus sawisa wer in grut fuotbalmikstoernoai mei alle manlju- en froulju-senioaren-leden, de JO19 en JO17 en wa ’t fierder mar meidwaan wol. Dêrneist komt yn elts gefal Gerrit Poortinga sjongen en kin der klaverjast wurde. Set it mar fêst yn de aginda! It wurdt in gekkenboel! No al nocht yn!

Noflik

Hjir kinne wy wol oeren nei sjen!

Harsens derby (2074)

Ho!