Sneon 13-4-2019

Hawwe jim wat aardichs te melden oer je wedstriid, in ferslach of oars wat aardichs, mail it dan nei aant@vv-sds.nl en/of willem@vv-sds.nl.

19:30 NOK VR2 SDS VR2 1-0
19:50 SDS VR2 Oosterlittens VR1 0-1
20:10 SDS VR2 SC Bolsward VR4 0-1
20:30 Bakhuizen VR1 SDS VR2 2-1
09:00 SDS JO17-1 SC Bolsward JO17-1 1-3
09:00 SDS JO12-1 Minnertsga JO12-1G 4-2
09:00 SDS JO11-1 SJO Oudega/HJSC/Heeg JO11-1 4-1
09:00 SDS JO9-1 Scharnegoutum’70 JO9-2
10:00 ST SDS/Nijland JO15-2 Zeerobben JO15-3 1-4
10:00 SDS Mini SDS League
10:30 SDS MO17-1 Harlingen MO17-1 5-1
10:35 SDS MO15-1 Workum MO15-1 4-0
12:00 ST SDS/Nijland JO19-1 Annaparochie St. JO19-1 5-1
12:20 SDS JO17-2 LSC 1890 JO17-4 3-4
14:30 SDS 1 NOK 1 2-0
14:30 SDS 3 Blauw Wit ’34 6 2-4
09:00 Oosterlittens JO8-1 SDS JO8-1
09:30 Rijperkerk JO11-2 SDS JO11-2
10:30 Scharnegoutum’70 JO13-1 SDS JO13-1 1-1
10:45 Franeker SC JO12-2 SDS JO12-2
12:15 Zeerobben 2 SDS 2 0-4
14:00 Harlingen VR1 SDS VR1 1-4
14:30 ONS Sneek 4 SDS 4 1-3
15:45 LSC 1890 JO15-2 ST SDS/Nijland JO15-1

SDS probleemloos langs NOK

SDS won zaterdag zonder veel problemen van NOK, maar verzuimde om een ruime score neer te zetten. Het duurde even voordat SDS scoorde tegen een wel heel matig NOK en toen het de score net voor de rust verdubbelde was de wedstrijd al gespeeld. Na de rust kreeg SDS nog een serie kansen, maar het scorebord bleef op 2-0 staan. Door deze belangrijke overwinning lijkt SDS verzekerd van handhaving, al is het nog niet helemaal officieel.

SDS begon met een geheel fitte selectie aan het treffen met de gasten uit Oudemirdum. Met de wind in de rug zette het NOK onder druk in een poging om snel te scoren. De ongrijpbare Lourens van der Pol bezorgde de verdediging van NOK overuren, maar verzuimde om de score te openen in de beginfase. Na ongeveer twintig minuten bewaarde de snelle aanvaller de rust wel en oog in oog met de doelman maakte hij slim de 1-0. Kort voor de rust verdubbelde Van der Pol de score, toen hij vanaf rechts een vrije trap mocht nemen. Zijn harde indraaiende voorzet werd door iedereen gemist en verdween via de binnenkant van de paal in het doel, waarna de wedstrijd leek gespeeld.

NOK kwam eigenlijk de hele wedstrijd niet in de gelegenheid om te scoren en het leek uitgesloten dat SDS deze voorsprong nog weg zou geven. De tweede helft drukte NOK de thuisclub wel meer naar achteren, maar dit resulteerde vooral in een serie aan kansen voor een gevaarlijk counterend SDS. Vooral Van der Pol had een handvol grote kansen, maar verder dan de paal kwam hij niet. Ook Marco Rijpkema raakte de paal, maar zag zijn inzet via de paal en de keeper achter gaan. Het bleef dan ook slechts bij 2-0 en daarmee werd een zwak NOK nadrukkelijk gespaard.

De beste man van het veld was scheidsrechter Brinkman, die foutloos floot en het zonder kaarten af kon.

Douwe Posthuma

FC Harlingen VR1– SDS VR1 1-4

Hjoed stoen de wedstriid tsjin Harns op it programma. De thuswedstriid stjin hun hien we ferlen troch in onterechte penalty tsjin. Dus hjoed he we mar goed us best dien om te winnen.

We begjinne mei de 1e helt en it gjit de hele tiid gelyk op. Spannende kansen mar dizze werden goed tsjin halden troch de keeper fan Harns die in hele goeie wedstriid spiele. De skeids hie hjoed gjin handsregel want we mochten de bal gewoan mei de han oanimme. Foar de rust pakt Jeska in kans troch nei foaren te sprinten en op goal te sjitten, de keeper het dizze bal, mar in pear minuten letter probeert Jeska it wer en dizze keer lukt it har wol om de bal keihurd yn it goal te krijen! Mei 0-1 gean we de rust yn.
Nei de rust hat Harns de ôftrap, se spielje nei foaren en scoren gelyk. Dit hien wij net sa snel ferwacht mar at Harns noch oan it neijuichen is fan hun goal leit de bal alwer yn it doel fan Harns, Femke draafde op de keep ôf en tikte de bal der makkelik yn. Dan bin der de 2e helt noch in soad kansen en goeie acties. Yn der fan wie in moaie foarset fan Jeska op Seriette dy’t krekt op de peal sjit. Yn de 80e minuut scoren bij opnij: Seriette set de bal foar op it goal Dina rekket em krekt met mar gelukkich stoen Kirsten noch bij de 2e peal en tikt die de bal der yn. Yn de 90e minuut krije wij noch in vrije trap fan 18 meter fan it goal ôf. Sieta nimt dizze vrije trap, se bringt em richting it goal en der stjit Seriette om it ôf te meitsje.

Nije wike hea we wer in frij wiekein. 1 maaie meie we út tsjin GAVC.

Zeerobben 2 – SDS 2      4-0


Bij it skoft wie it noch 0-0, mar yn de twadde helte makke Zeerobben 2, de koprinner, it ferskil mei 4 doelpunten. De foto komt fan de Harnser twitteraar fan Zeerobben 2

Pupillen fan de wike


Lourens van der Pol en Gerwin Sybesma mochten mei de pupillen fan de wike, Sander Vriezema en Wiebren Tamminga, op de foto.

It is wat mei de twadde helten fan SDS 3

Ien helt langer soe it net duorje moatte in wedstriid fan SDS 3. Ek noch kamen se (kondysjoniel) wer te koart yn de twadde helte. Resultaat in ferlies fan 2-4. Doelpunten fan Robert S en Pieter K.
Yn de tredde helte waard it nivo fan de earste helte wer helle.

ONS 4 – SDS 4   1-3

SDS woe Johan Postma trakteare op in oerwinning, want hij hij syn jierdei hjoed. Andries Lanting, Allert Turksma en Jildert van der Werf wiene ree fûn om in kear ter eare fan Johan te skoaren. Einstân 1-3

SDS JO 19-1 – Sint Annaparochie JO19-1    5-1

De JO19-1 wint thús mei 5-1 fan it degelike Sint Anna nei in rêststân fan 1-1. In knap risseltaat.
Ut waard mei 4-1 ferlern, dus moaie revanche. Goals fan Kent en Wesley.
Stan, ynfallen de twadde helte, makket yn in kertier syn hattrick bij JO19! 3-1 4-1 en 5–1. De oerwinning levert yn de stân it tredde plak op.

SDS JO17-1


SDS JO17-1 kaam mei troch te folle ôfwêzigen tekoart tsjin koprinner scBolsward JO17-1. Nei de 0-3 skoarde SDS noch wol út in strafskop.

Zeerobben jout Jo15-2 leske effektief fuotbal!

Ôfrûne sneon had ús Jo15-2 in leske hân yn effectief fuotbal. Thús yn Nijlân tsjin Zeerobben Jo15-3. Mei de wedstriid fan foarige wyke en de trainingen fan ôfrûne wyke wiene ús mannen der seker klear foar.
Yn it begjin koene we sjen dat ús middenfjild in drege moarn krije soe. It earste kertier wie foar Zeerobben. Goede kombinaasjes en in snelle en slimme spits. In moment net opletten en Zeerobben makke yn de 5e minuut al 0-1. Dat makke ús jongens wer wekker.  In stapke earder en de bal op eise. Dat gie dernei folle better en soarche derfoar dat we in pear kear foar de goal fan Zeerobben kamen. Ek slúte ús middenfjild wer better oan mei de oare linies.
Nei in heal oere wie it wer Zeerobben, dat foar ús goal kaam en effectief wie: 0-2. Dat wie ek de rêst stân.
Nei de thee (en dat smakke goed mei de kjeld), setten we de goede ynset troch. In bytsje opportunisme derbij brocht ús in pear kear yn de 16 fan Zeerobben, maar we krigen de bal der net yn. Sij ferdiedigen ek goed. In skot út de drokte fan Jochum rekke noch de peal. Zeerobben jûch dernei wer gas en dat soarche yn de 40e en 45e minuut foar de 0-3 en 0-4. It lêste kertier wie foar ús alles of neat. It stie achteryn goed ticht en de druk op Zeerobben koene we folhâlde. In skot op goal hie de keeper net goed beet. Sije wie der skerp bij en makke de 1-4. Dernei noch in pear kanskes oan beide kanten. Mar de eindstân wie berikt.
In wedstriid wer we in protte fan leare kinne. Opbouwe, spul ferdiele en de linies op elkoar oanslúte litte…. Omdat we wer in ‘nij’ team binne, is der tiid nedich om bij it baljen elkoar kinne te learen. We boue troch oan dit prachtige team!
Nije wyke ha we de return yn Hârns, nije wedstriid nije kâns.

Groetnis fan Tsjeard, Jelmer, Hans en Gosse

SDS JO12-1 koprinner


In tefreden koach fan SDS JO12-1, Hij meldt: Ekstreem goeie saken. Sels winne fan de nûmer 3 en de meikoprinner Irnsum ferliest.

Efkes Balje


It skynt sa te wêzen dat wannear je op Netflix de film MyPlanet sjogge , it hast wurkliker is as de wurklikheid. Je erfare it djipgeand wylst je thús op de bank lekker ûntspannen it wykein yn gean wolle.
Sa ek justerjûn in huize Rijpma yn Itens, wylst heit Frank noch Efkes Balle yn Easterein.
De famylje yn Itens erfaarde de film wol hiel echt want sa no en dan hearden se in klap. It wie krekt of foel der mei tuskentiden meardere meteoryten op of krekt neist harren pleats. Doe’t se it Frank dan ek entûsjast fertelden doe’t hij thús kaam moast hij wol sa earlik wêze harren út dy Netflixdream te heljen mei de wurden: dat wiene gjin meteoryten mar binne wierskynlik de ballen west dy’t ik oerskeat en wij net werom fine koene.
Nettsjinsteande dy rugbyskoares (de helaas juster ôfwêzige âld-Grutte Pier rugbykrek Sipke Hiemstra hie fêst genoaten) wie it in lekker spannend partijtsje en liet Frank syn teamgenoaten meardere kearen wol skoare.
It kwintet fan Frank kaam mei 2-5 foar mar seach yn in goeie fase fan it seistal de foarsprong omkearen yn in efterstân. Uteinlik ferlearen de 5 mei twa doelpuntsjes ferskil.
Dat frege om revansj. Wylst de temperatuer troch de kâlde wyn en de driigjende buien ûnder it nulpunt kommen wie, waard de finale in proai foar de 5. Harrie en Syb soargen der foar dat elkenien wer mei in oerwinning nei hûs koe.
De 5: Harrie, Syb, Johan, Frank en Menno
De 6: Wouter, Kerst,Ferrie, Douwe Dirk, Pieter en Aant