Weppers freed 12-4-2019

BKE Industrial Automation BV nije stiper SDS JO15-1
11 april 2019
Sneon 13-4-2019
12 april 2019

Robert Hoekstra folgend seizoen assistint-trainer SDS 1

SDS is tige bliid dat Robert Hoekstra folgend seizoen by SDS 1 oanskowe sil as assistint-trainer fan Douwe Posthuma. Robert is in èchte SDS’er en hat neist spiler en jeugdtrainer ek earder al in skoftke haadtrainer en assistint-trainer by SDS 1 west en nei in jier ôfstân sjocht hy it hielendal sitten om mei te helpen om SDS 1 hegerop te krijen.

SDS 1 – NOK1


SDS 1 mei tsjin NOK 1 besykje wer in kear in oerwinning te boeken om sa hielendal feilich te wurden foar  neikompetysjegedoch. Om 14.30 begjint de wedstriid tsjin fuotballers út Nijemardum en Aldemardum. Ut spile SDS  4-4 gelyk mei trije strafskoppen fan Marco Rijpkema.
De seleksje: Jaap Toering, Remco Hylkema, Jacob-Klaas Haitsma, Marco Rijpkema, Gerwin Sijbesma, Pieter Sijtsma, Lourens van der Pol, Erik Haitsma, Habtamu de Hoop, Matthijs Postma, Wiebe Heeres, Wierd Hofstra, Frank Bervoets, Hendrik de Jong en Jelmer Posthumus.

Zeerobben 2 – SDS 2

SDS 2 moat besykje út de havenstêd Harns 3 punten mei te nimmen. Zeerobben 2 is de om 12.15 oere tsjinstanner   dy’t in bytsje meiwurkje moat. Dizze seleksje fertrekt om 11.00 oere:
Marten, Bauke, Jorrit, Watze-Jacob, Yward, Arjen, Anne, Feite, Jesse, Jort, Lieuwe, Jurjen, Niels, Ralph en Sjoerd.
Anne, Jort, Marten en Niels meie de auto wol meinimme.

SDS 3 – Blauw Wit ’34 6

Nei de doelpuntenrike wedstriid tsjin de Sweltsjes út Ljouwert hopet SDS 3 no it thúspublyk te fermeitsjen mei oanfallend fuotbal.
Dizze seleksje: Gert-Jan, Anco, Auke, Dirk-Yde, Doede-Douwe, Harm, Harm-Auke, Jan-Simon, Jentsje, Jeroen, Pieter, Robert, Ronny, Tjeerd, Wichard en Willem.

ONS Sneek 4 – SDS 4

Se hawwe der wer sin oan de mannen fan SDS 4. Punten pakke yn Snits der is neat moaier. ONS 4 stiet op it programma om 14.30 oere yn Snits.
Arjen, Steffen, Andries, Gertjan, Doede S, Eeltje, Johan, Jildert, Allert, Sytse, Jelmer B, TRV, Peter en Igor.
Om 13:00 bakje yn Easterein!

Harlingen Vr1 – SDS Vr1

Om 14.00 oere ek yn de havenstêd, mar bij in oare klup, spilet SDS VR1.
Sneon 12.30 fertrekke
Flagger: Geert de Boer
Riders: Stefan, Lysanne, Marjo, Sietske
Seleksje:
Marjo, Sieta, Alissa, Gerry, Hester, Marije, Kirsten, Seriette, Jeska, Richtsje, Janieke, Dina, Femke en Elske.

Wedstriidsponsers

De wedstriidsponsers bij SDS 1- NOK 1 binne Strikwerda kraanverhuur út Easterein en Woonvaria út Wommels

SDS VR2

De froulju fan SDS VR2 moatte jûn al wer los op harren freedtejûn7tsjin7kompetysje. sc Bolsward is de gastfrou.

SDS-tas foar mar 15 euries!

Yn gearwurking mei Muta-Sport kinne wy noch in pear SDS-tassen ferkeapje foar mar 15 euries!
Wolle je ek sa ’n tas, keapje dan moarn ien yn de bestjoerskeamer!
Der binne noch mar 2 tassen te krijen.
De nûmers 59 en 61 binne noch beskikber.
Op=op!
Underyn de tas sit in spesjaal fak foar de fuotbalskuon.
Normaal koste dizze tassen 33 euries.

 

Harsens derby (2126)

So!