Sneon 11-2

Weppers freed 10-2
10 februari 2017
Weppers snein 12-2-2017
12 februari 2017

SDS 1 – Willemsoord 1

It wie kâld yn Easterein tidens de wedstriid, mar SDS supporters hiene dêr krekt efkes minder lêst fan as de gasten út Willemsoord. Want dy SDS supporters koene mar leafst 6 kear opspringe foar in doelpunt en minstens 8 kear foar hast in doelpunt. SDS hie gjin bern oan Willemsoord, de ploech werfan ’t je it idee krigen dat se leaver yn harren ferwaarme hunebed bleaun wiene.  SDS wie yn steat de romte dy’t se krigen te benutten troch goed oer te spyljen en elkoar wat te gunnen. Dat Hendrik de Jong 5 kear oan de ein fan de oanfal suksesfol wie, is fansels gjin tafal. Hij hie de rêst oan de bal, it oersicht om it ôf te meitsjen. Teun Heeres makke it oare doelpunt.  Doelman Jaap Toering wie it meast ferklomme fan allegear: hij hie frij wol neat te dwaan.

Pupillen fan de wike

 Tsjalling en Bartele Bouma wienen juster de pupillen fan de wike. Sy woenen wol mei Remco Hylkema en Lourens van der Pol op de foto.

ST SDS/Scharnegoutum ’70  19-1 – SJO Broekster Walden JO19-1

Binnen 10 minuten mei 0-2 efter en dêrnei oprinne tsjin in 2-9 nederlaach.

SDS 2

SDS 2 hoecht net ôf te reizgjen nei Ealahuzen/Kolderwolde. De wedstryd tsjin De Wâlde 2 is ôflast.

DJ Wim

Nei de wedstriid fan SDS 1 muzyk yn de kantine mei DJ Wim.

Pupillen fan de wike

Hjoed binne Bartele en Tsjalling Bouma pupillen fan de wike ynstee fan Sietze en Pieter Bouma.

SDS-League

Net ferjitte om hjoed jim nije team foar de SDS-League yn te fullen en yn te leverjen!

Seal

Hjoed binne noch tal fan jeugdteams aktyf yn ferskillende sporthallen yn Ljouwert.

Skearnegoutum

Hjoed binne der ek wat jeugdspilers fan SDS aktyf yn en bij de sporthal fan Poiesz yn Skearnegoutum om muntsjes te sammeljen foar ús klup.

Oefenje

Sa omstreeks 17.00 oere in oefenwedstriid op sportpark de Skoalleseize fan Workum 1 – ONS Boso JO 19-1.

Efkes Balje

Alle bewegingen yn fuotbalwedstriden wurde tsjintwurdich registrearre, analysearre (beëamele) en yn statistiken ferwurke.
Sa sjogge wij bij it betelle fuotbal op tv sa no en dan in oersichtje hoefolle kilometers bepaalde fuotballers wer ôflein hawwe om harren ferdigjende taak nei te kommen en om djipgong yn it spul te bringen. At dy djoerbetelle fuotballer yn 90 minuten minder as 12 kilometer ôflein hawwe, dan neame wij foar it gemak “in luie fuotballer”.
Dizze wike seach ik in twiit foarbij kommen (net fan Trump, dus gruttere kâns dat it wier wêze sil) oer de tiid dat fuotballers wurklik oan de bal binne yn 90 minuten.
It skynt sa rûchwei 56 sekonden te wêzen. 56 sekonden……
Mei dizze wiisheid tink ik werom oan it Efkes Baljen fan freedtejûn. Dat der mar leafst 20 leafhawwers wiene dy’t harren ynpakten mei majoos, mei wanten en mûtsen om 56 sekonden (of minder) sa’n 6 kilometer (of minder) te draven en de bal te skoppen op in kâlde freedtejûn op it prachtige keunstgers fan SDS yn Easterein.
Twa prachtige spannende potsjes fan jong tsjin âld mei in heit (Folkert Rients) as beslissende úblinker oan de ien kant en in soan (Douwe Jan) as kombinearende útblinker oan de oare kant. Jong (de grins lei op 41 jier) wûn de earste pot mei 6-4 mar de âldtsjes gyngen wer hiel tefreden nei hûs want sij pakten de finale mei in 2-1 oerwinning.

Remco, Wouter, Marco, Harrie, Ferrie, Johan, Folkert Rients, Pieter, Aant en Theo makken freed diel út fan de ploech dy’t wij foar it gemak de âldtsje neame.
De jongerein ploech bestie út Luka, Robin, Tjitze, Douwe Jan, Wietse, Menno, Sietze Marten, Bertus, Foeke Dirk en Frank (dy’t yn in oere sa âld waard, dat hij yn de finale mei de oare ploech die)
Aant