Weppers freed 10-2

Weppers tongersdei 9-2
9 februari 2017
Sneon 11-2
11 februari 2017

Nei de Poiesz!

Moarn foar it fuotbaljen allegear efkes nei de Poiesz yn Skearnegoutum! Hjir sit de jeugd fan SDS om je wolkom te hjitten. Keapje dan efkes in pear produkten wêr ’t je wat ekstra munten by krije en lever je se yn by de SDS-jeugd!

Wedstriden

Der stiene foar sneon 5 thúswedstriden op it programma wêrfan 3 op keunstgers en twa op “hurd”gers. Der wiene ek noch trije útwedstriden.
Foar de jongere jeugd is der noch altiten de sealkompetysje.

Mar…… Mulier VR1 belle ôf krekt foardat de KNVB sei: Kategory leit er út yn it Noarden.
Kategory B dat is:
“In de categorie B vallen teams uit de reserve vierde klasse en lager. Ook de wedstrijden van de jeugdteams in de tweede klasse en lager en vrouwenwedstrijden in de derde klasse en lager zullen niet worden afgewerkt.”

Dat betsjut dat de thúswedstriden SDS JO 17 -1 en SDS 4 net trochgean en de útwedstriden SDS JO 15-1 en SDS 3 ek net.
SDS 1 spilet thús om 14.30 oere tsjin Willemsoord. Of soe der noch in bult snie komme?

Programma

It meast aktuele programma kinne jim altyd fine yn it Menu bij Wedstriden.

Wedstriidsponsers

Bij de wedstriid SDS 1 – Willemsoord 1 binne fansels ek wer twa wedstriidsponsers. Dizze kear binne dat Tweewieler de Jong út Wommels en WD Sat ek út Wommels.

Seleksje SDS 1

Bauke, Erik, Jacob, Teun, Wiebe, Remco, Hendrik, Lourens, Jelmer, Jaap, Elger, Ewout, Feite en Dirk.

SDS-League

Net ferjitte om moarn foar 19.00 oere de SDS-League yn te leverjen!

Oefenje

As it waar sa bliuwt dan wurdt der moarn nei de wedstryd SDS 1 – Willemsoord 1 in oefenwedstryd spile tusken Workum 1 en ONS JO19-1. By ONS JO19-1 fuotbalje de SDS’ers Habtamu de Hoop en Mathijs Postma.

DJ Wim

Nei de wedstryd SDS 1 – Willemsoord 1 komt DJ Wim plaatsjes draaien yn de kantine. DJ Wim is Wim Buurmeester. Hy is familie fan Bauke Dijkstra en hat û.o. earder wol draait yn de Tserne op in aprés ski-party. Aardich tapaslijk tochten wy. Rekkenje der mar op dat it dak der ôf giet. Allegear komme dus!
Foto fan Wim Buurmeester

Grappich

Manchester City in hiele grutte klup op twitter (4 miljoen folgers) hie in drege fotokwis makke. Hoewol dreech…de measten wisten alle spilers wol. Op ien nei…..Gerard Wiekens, de middenfjilder út Oude Pekela dy’t fan 1997 oant 2003 dêr fuotballe.  Der wie mar ien dy’t him noch wol herinnerje koe yn it sjurt fan City en dy wûn dêrmei de kwis: it wie de frou fan….Gerard Wiekens

Bliidskip

En dan skoare je in doelpunt en dan is de dolle wille en dan springt elkenien je op de hûd……Elkenien, sels de tsjinstanner. Sjoch hjir

Harsens derby (1835)

Tikkie werom, Jaap……….