Wepperkes – woansdei –

Skiedsrjochters binne slagge!
5 juni 2007
Wepperkes – freed –
7 juni 2007

Spion
Juster joegen wij oan dat de earste training fan Fc Wommels los gien wie. Fanút it Eastereinder kamp heare wij no wat oars:
Neffens my wie dit net de earste training fan de FC Wommels; ôfrûne freed wie der in “duurloop”; de bruorren Postma draafden doe yn in stevich tempo tusken Warntille en Wommels yn ‘e rjochting fan it trainingskompleks fan de FC Wommels: Jimbar oan’e Terp. It is my net bekind as de seleksje doe mar út
2 persoanen bestie, as dat de oaren yn’e ûnderwâl fan it fytspaad tusken Iens en Warntille leinen. (Fedde)

Nije trainer

Ut ûnbetroubere bron haw ik heard/sjoen dat blykber net alle Eastereiners in hege pet op hawwe fan de ‘coaching’ fan SDS 1 troch Marcel Frankena. It SDS-bestjoer skynt yn gesprek te wêzen my minsken dy’t de ‘coaching’
oernimme wolle/kinne. Ien fan dizze minsken mocht ôfrûne wike al efkes op proef yn’e dug-out sitte. It sil Aant goed dwaan dat dizze mooglike nije koach op’e fyts nei de wedstriden komt. (bron Fedde)

De poll
Juster pleatsten wij dizze poll. Der binne al moai wat stimmen binnenkommen. En it liket der op dat de promoasje nei de earste klasse it heechste skoort. It kin fansels wêze dat jim oare foarstellen hawwe. Wij hawwe dy mooglikheid ek jûn. Sa mailde Freddy Scheltema ús: utnoeging Attie Zijlstra voorselectie Oranje.

Hichte punt


Hans Kooistra jout oan: In hichtepunt mei it heechste punt. De meibeam op dak is beklonken mei in gleske bier foar de bouwfakkers

Twa dagen

Daan Boersma, in tige meilibjende Ajax-fan, mailde ús noch in aardige foto fan de tiid dat Feyenoord fan koarte kontrakten hold.

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei dit adres