Seleksjes sneon!!!

Stefan fynt 1e ljipaai!!!
1 april 2004
SDS League: Roel S. pakt wer de wykpriis
2 april 2004

Sa’t wy dizze wike al melde koene, meie wy no op tongersdeitemoarn de opstellings foar sneon al jaan.

Justerjûn hawwe wy de nammen trochkrigen fan Anne Brouwer en it hat kans dat dy se troch krigen hat fan Kees, mar dat witte wy net seker.

Dúdlik is wol dat de biezum der goed trochhinne gien is nei 2 nederlagen.

Nij is ek dat er útlis jûn wurdt oer de keuzes dy’t men dien hat. Dat hat fansels wol wer ta gefolch dat soks bestriden wurde kin. Ek dêr stiet men iepen foar en it is dan ek wichtich om dat hjoed noch te melden by de webmaster. info@vv-sds.nl

Oerwagings

* Frank Rypma giet sneon mei SDS 1 mei oansjoen hy yn de belangstelling fan Blauhûs stiet en miskien hat Kees it dan altiten wol ferkeard sjoen.

* Henk Postma makket sneon de opstelling by SDS 1 oansjoen hy ek boppe oan stiet yn de SDS League (dêr hawwe wy Kees noch noait sjoen)

* Henk Postma is sneon “Kapitein” by it 1e. Hjir troch sil Feite de Haan nei it twadde moatte.

* Peter Sybesma is klear mei it sealfuotbaljen en no klear om wer op it fjild te begjinnen by SDS 2

* Robert Sybesma is it hjir net mei iens en giet ek mei SDS 2 mei.

* Oansjoen de freondinne fan Anne Stenekes lêzen hat dat de webmaster ynfloed hat op de opstellingen hat sy leard om te mailen. Har earste mailtsje gie nei de webmaster. It liket derop dat Anne sneon yn it 1e yn ‘e basis begjint.

* Jacob Klaas Haitsma is as “klokkeluider” werom setten nei SDS 3. Hy kin dan freed ek wat langer yn ‘e Igge sitte.

* Dennis Dijkstra hat ritme op dien yn SDS 3 en liket wer ryp foar SDS 1.

* Christian Hoekstra syn krukken foldogge net mear. Hy probearet sneon in helte by SDS 4.

* Syb Overal kin tiisdei net fuotbalje omdat hy jûns by de Lidl wurket. Om dochs ritme te hâlden spilet hy sneon earst by SDS 3 en dernei by SDS 2.

* Der bestiet in kâns dat Jappie Wijnia sneon keept by SDS 1 of 2. In útlis is net jûn.

*Geert Hiemstra wurdt wer flagger, want dy stiet foar 7 punten yn in seizoen en dy hawwe se noch wol nedich om kampioen te wurden.

* Auke Buck docht it sa goed yn SDS 2, hy begjint sneon by SDS 1 yn de basis. Hjrtroch is der gjin plak foar Floris of GertJan. Want 3 Hiemstra’s  yn it fjild en ien der flakbûten is te folle fan it goede.

* Sjoerd van Beem hat 50 euro bean om nochris by it earste op de list te stean. Hy mei no as 4de wiksel mei.

* Hendrik de Jong skoort al te lang net mear. Hy mei sneon mei SDS 5 nei Ouwe Syl om op gelyk nivo mei Eddy te striden om de titel topskoorder. In oerwaging om Eddy nei SDS 1 te jaan, hat it krekt net helle.

 

De seleksjes

SDS1: Jappie Wijnia(of net), Broer Wiebe de Ringh (of net)Wichard Deinum, Auke Hiemstra, Harm Stremler, Sjoerd van Beem, Dennis Dijkstra,  Anne Stenekes, Henk Postma, Marco Ottens, Tsjeard Halbersma, GertJan Hiemstra of Floris Hiemstra, Durk Yde Sjaarda, Frank Rijpma en Tsjipke Klaas Okkema

SDS 2: Feite, Floris of GertJan, Jan Simon, Peter Sijbesma, Robert Sijbesma, Gerrit Terpstra, Gerrit Hingst, Pieter Kamstra,  Willem Wijnia, Jos Zonderland, Syb Overal, Marten Faber, Skelte Anema

SDS 3 : normale seleksje mar mei Syb Overal, Jacob Klaas Haitsma

SDS 4: normale seleksje mar mei Christiaan Hoekstra

SDS 5: normale seleksje mar mei Hindrik de Jong.

 

Foar opmerkings kin der hjoed noch maild wurde nei de webmaster. Dy nimt it dan op mei de lieders.