Se fjochten as hoantsen

SDS 2 wint fan DESZ
26 oktober 2003
Wedstrijdverslag SDS 1
26 oktober 2003

SDS 5 moast sneon 25 oktober nei Feanwâlden om oan te treden tsjin Veenwouden 4.

It sportpark dêr hjit “de Kemphaan” en de sporthal dy’t ek diel útmakket fan it kompleks dêr, hjit “de Hoantserid”

Foardat de wedstriid begong krigen wy dus earst útlis fan ús eigen fûgelkenner Jelle (Hoants) de Boer. Yn de earste helte wiene it in stel deade fûgeltsjes dy’t in  ûnseker potsje fuotbal op de matte leinen. Der wiene seker wol kansen, mar der waarden ek ûnnedich kansen fuortjûn.

Ien doelpunt fan Eddy (Knabbel) de Boer hie soarge foar de rêststân. Yn it skoft siet men der  dan ek by as in deade fûgeltsjes.

De lieder hie goed harke nei in ferhaal fan Jelle oer de hoants en sette de boel op skerp.

“In hoants is in fûgel dy’t bekind stiet om syn gefjochten om de froutsjes te imponearen. Se meitsje harren op en stride as hoantsen…..; at jim no ris dogge at jim hoantsen binne, dy’t hjir net stride foar de trije punten foar de froulju. “

De gefoelige snaar wie rekke.  De sjurtsjes kamen by de broek yn, de mouwen waarden oprôle, de sokken waarden ophiesen en der wie sels immen dy’t de deospuit brûkte. De twadde helte like it yndie of gie it om froulju. Der waard goed djip gien, der waard koart dekt, de gatsjes waarden fûn  en der wiene prima (heech)standsjes. 5 froulju koene se úteinlik befjochtsje. Jacob (Kangoeroe) Plantinga, Willem Tjalsma (2x) en Klaas Okkema skoorden. Veenwouden moast it mei ien dwaan. De einstân 1-5 wie fertsjinne.

SDS hie it hoantsegefjocht wûn en se stapten as  pauen  sa grutsk nei hûs.