SDS 2 wint fan DESZ

Skore
25 oktober 2003
Se fjochten as hoantsen
26 oktober 2003

SDS 2 hat sneon thús mei 3-0 wûn fan DESZ út Zwartsluis. De lieders Durk Okkema en Jan van Asselt hienen de 4-3-3 opstelling mar wer ris út de hege hoed tovere en dit die fertuten.

SDS 2 fuotballe meinammen de twadde helte knap en it ienige kommintaar dat je op de ploech hawwe koenen wie eins dat sy net dikker wûn hawwe. Mei namme de twadde helte stapele SDS kâns op kâns. Moaie oanfallen gienen hjir by tiden oan foarôf en DESZ wist net wer sy it sykje moasten. It siet DESZ de hiele dei al net mei, want sy wienen ek al wat oan ‘e lette kant yn Easterein trochdat sy it net fine koenen.

SDS 2 kaam nei sa ’n 10 minuten goed wei doe DEZS rjocht op in penalty like te hawwen. In echte kâns hawwe sy net hân. Doelpunten foar SDS foelen der yn de earste helte ek net. De twadde helte gie SDS hieltiten better fuotbaljen wat resulteare yn inkelde kânsen. De wedstriid waard yn 2 minuten beslist. De earste goal waard makke troch Willem Wijnia. In korner fan Donny Okkema waard goed op ‘e goal kopt troch Stefan van Krimpen. Willem probeare de bal te hakken (fansels!), mar dit slagge net. De keeper pakte de bal, mar Willem rekke de bal dochs noch efkes en de bal rolle oer de line. De spilers fan DESZ (en ûndertekende) wienen fan miening dat de keeper de bal fêst hie, mar de skieds keurde de goal goed. De 2-0 waard makke troch Dennis Dykstra op syn manier (mei gang, bal oan ‘e foet, krekt te fier foar him út en de bal yn ‘e goal sjitte mei in sliding). Hjirnei kamen û.o. Skelte Anema, Donny, Willem, Pieter Kamstra en Harm Auke Dykstra noch allinne op de keeper ôf en hienen sy allegear skore moatten. Allinnich Harm-Auke slagge hjir yn. Hy wie hjirmei net ûngelokkich want hy stie sa ’n 4 meter bûtenspul doe hy de bal krige.

Folgende wike spilet SDS 2 út de topper tsjin mei-koprinner Workum.

P.s. Appie hie de paraplu hjoed allich noadich yn ‘e rêst tidens it roken. Tidens de wedstriid wie it droech. It waaide net dus de paraplu is noch heel.