SDS’ers yn bands!

Foeilelijke sjurts
31 maart 2010
Weppers tongersdei 1-4
1 april 2010

Sa ’t jim hjir earder fan ‘e wike wol lêze koenen fine wy  dat in soad SDS’ers qua úterlik like goed yn in band of sjonggroepke sitte koenen. Somtiden rint it libben wat oars en bedarje je gewoan by SDS. Mar wat as dit no net bard wie en eltsenien hie wat mei de musyklessen fan master Geertsma of Hingst of sa dien?
Wy witte it wol:


Fansels is it hartstikke aardich dat Redmer wat yn SDS 1 fuotballet, mar mei dat hier hie hy fansels like goed yn de jierren 70-punk-ska-groep The Clash past.


Wesley fuotballet net mear en is leider fan B1. It hie sa oars rinne kinnen, want hie hy Marijke net troffen dan hie hy gjin gel yn syn hier hân en hie hy krekt sa ’n kreas afro-kapsel hân as syn oare Jackson-broers.


Wat de froulju oanbelanget soe Freek perfekt by New Kids On The Block passe. Al soe hy sels miskien leaver by the
New Kids heare……….


Eltsenien tinkt dat Freddy Mercury as earste in snor hie. Dit kloppet net. Sels doe ’t Klaas Pompstra noch yn Nijlân wenne hy dy al in snor. Hienen sy dat yn Ingelân yn witten dat hy Klaas by Queen sitten en wie hy nea by SDS bedarre.


Hie Dick Schuurman nea fuotballer west of trainer wurden dan hie hy fêst yn in jongesbandsje sitten mei jonkjes dy ’t ek gjin burdgroei hawwe lykas Take That.


Mei dat hier yn sa ’n fette (HAK)kuif hie Rudy foar itselde by The Baseballs sitte kinnen.


Jeroen syn hier is dan net sa spektakulêr as syn maten, mar mei sa ’n bril hie hy perfekt by de band foar gillende tienerfamkes, Tokio Hotel past.


Hast alle SDS’ers hienen wol by de Young Ones past, mar Marten past dochs wol it best.


Hy Ralph net alles op syn fuotbalkarriëre setten dan hie der fêst plysje wurden en koe hy sa by de Village People. Al soe it fiere reisgjen mei it touren him dan wolris opbrekke kinne.


Aant hat yn it ferline fansels écht by ZZ-Top sitten. De donkere sinnebril hat hy ynmiddels bedobbe, want dat fertroude hy net mear op op ‘e lisfyts.


Jierren lyn sieten der noch 4 SDS’ers yn de Josototo-band. Ien optreden hawwe sy hân yn in útferkocht Center Parcs-húske en dêrnei wie it dien. Op de foto sjogge jim Jan Stenekes, Pieter Kamstra, Gerard van Asselt en Hendrik de Jong yn akjse.

 
Slash(links op de foto) bedarre úteinlik by Guns N’ Roses, mar dit hie like goed Jan Stenekes(rjochts op de foto) wêze kinnen.

Hawwe jim noch in idee mail it dan nei
info@vv-sds.nl .
It leafst mei in foto fansels!

Miskien letter wol mear!