Weppers tongersdei 1-4

SDS’ers yn bands!
1 april 2010
Seleksjes 3-4
1 april 2010

SDS D4M – Leeuwarden D5M
Bij it skoft wie it noch 1-1, mar de SDS-famkes wûnen úteinlik mei 3-2 en dat ek noch tsjin de koprinner.

Training
Keeperstrainer Frans Stap sit ek op kursus. Hij hat it der mar drok mei. Sneon moast hij in wedstriid fan E1 besjen en foaral de keeper fan SDS analyseare en woansdei moast hij de hiele groep traine om sa goeie oefeningen foar de keeper te organisearen.

Tiisdeitejûn gjin sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 2 moasten tiisdeitejûn út tsjin Bolswardia 3 fuotbalje om 19.30. De spilers fan SDS 2 kamen hjir pas efter doe ’t sy it op ‘e neimiddei op de webside seagen. Sy slaggen der net yn om genôch spilers (mar 3) byinoar te krijen en de wedstryd is dus net trochgien.

Ajax-kwis
Foar de leafhawwers fan kwissen hjir in prachtige Ajax-kwis. Ien fan de wepmasters kaam oan ’t no ta oan 11 goeie antwurden en hie dêrmei 1607 punten. Dat wie net gek.

Foeilelijke sjurts (14)
Geert Dijkstra tipt ús it sjurt fan Australië út (hoe sil it ek oars) de jierren 90. Wy binne it hielendal mei him iens:


Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.

Harsens derby (180)
Der binne ferskeidene manieren om de skiedsrjochter dúdlik te meitsjen it earne net mei iens te wêzen. Robbie Savage die dat sa. Of sa ’t sy yn Ingelân sizze: “Linesman gets Savaged”: