Foeilelijke sjurts

Weppers woansdei 31-3
30 maart 2010
SDS’ers yn bands!
1 april 2010

Hjir in opsomming fan neffens ús foeilelijke sjurts:

Foeilelijke sjurts (29)
It is net om ’t Barcelona juster ferlern hat, mar om ’t Boudewijn Kramer ús dit lelijke sjurt maild hat. En terjochte!
click to zoom

Foeilelijke sjurts (28)
Hjir hat ien ferskriklijk mei de ketchup griemt………
 
Foeilelijke sjurts (27)
Miskien is dit yn de takomst nochris wat foar VV Easterlittens:


Foeilelijke sjurts (26)
Blaise N’Kufo fan FC Twente giet nei dit seizoen nei Seatlle Saunders yn Kanada. Hy wist fêst net fan dit ferskriklike sjurt:


Foeilelijke sjurts (25)
Wy binne lykas Freddy gek fan Liverpool, mar dit kin echt net:


Foeilelijke sjurts (24)
Hjir it sjurt fan US Boulogne út Frankryk. Jim kinne dizze klup net? Mar gau wer ferjitte……….


Foeilelijke sjurts (23)
Mei dit sjurt is op himsels net folle mis, mar je wolle dochs net mei sa ’n sponser op de boarst(en) rinne? De “spilers” fan FC Nürnberg rûnen(wygden….) foarich seizoen yn dit sjurt.


Foeilelijke sjurts (22)
Hjir it útsjurt fan Barcelona fan 1997. Yn neat liket dit op in fuotbalsjurt.


Foeilelijke sjurts (21)
Mei dat swarte sjurt fan Skotlân is neat mis. Yn de jierren 80 hienen sy der allinnich in broek by dy ’t blykber allinnich mei in rym omheech hâlden wurde koe….. Hjir sakket ús broek fan ôf…….
Charlie Nicholas in action for Scotland in Mexico in 1986

Foeilelijke sjurts (20)
Hjir it thússjurt fan Southport(nee, net SouthPark) út it seizoen ’92-’93. Wy wolle dan ek net witte hoe ’t it útsjurt der dan wol net útsjocht.


Foeilelijke sjurts (19)
Dat Barcelona fuotballet alderaardichst, mar dat útsjurt is neat fansels: 


Foeilelijke sjurts (19)
Hjoed ít útsjurt fan Celtic út it seizoen ’91-’92. Net te leauwen…….


Foeilelijke sjurts (18)
Dit útsjurt fan Chesea sjocht der dochs net út?


Foeilelijke sjurts (17)
Sa mei de Peaske kleuret it miskien wol aardich dat giele, mar as fuotbaltenue sjogge je der dochs út as in einepykje. Hjir it úttenue fan Newcastle United fan dit seizoen:


Foeilelijke sjurts (16)
Tsjerk van de Pol hie lêsten in minne middei:
Moest laatst fluiten in de zaal ivm zaalcompetitie D2 :Eind van de middag, ik had er al vier gefloten: ONS D3 – Oudega/HJSC D1, Ik kreeg bijna een epileptische aanval van beide shirt, bijbehorende blauwe en oranje sokken en alle gekleurde lijnen. Ik zag ook geen verschil meer op het laatst…………

Dit is net Tsjerk syn favorite sjurt………..

Foeilelijke sjurts (15)
It docht bliken dat de froulju dochs ek wol kijk hawwe op slechte fuotbalmoade. Dizze tip krigen wy fan Tsjerkje Posthumus: “Lelijk en te grut…..”. Wy hawwe dizze keeper fan Mexico der alris earder yn hân, mar dizze kombinaasje is noch slimmer as de foarige.


Foeilelijke sjurts (14)
Geert Dijkstra tipt ús it sjurt fan Australië út (hoe sil it ek oars) de jierren 90. Wy binne it hielendal mei him iens:


Foeilelijke sjurts (13)
Op ‘e nij in sjurt út de jierren 90. Dit is it sjurt fan Birmingham City út it seizoen 1992-93. Gean der mar efkes rêstich by sitten. Aaaaaaaaaaahhhhhhhhhh:


Wat in prachtich bypassend broekje……..

Foeilelijke sjurts (12)
Hjir wer in écht jierren 90 sjurt. It is fan Arsenal út it seizoen ’90-’91. It wurdt je wazich foar de eagen. 
Arsenal shirt

Foeilelijke sjurts (11)
Tsjonge, jonge, jonge. Dit is net best. Hjir Notts County. As sponser hawwe sy Harp-Lager. Dêr hat de ûntwerper by it ûntwerpen fan dit sjurt fêst goed fan preaun……:

Dy spylje seker allinnich op snein?

Foeilelijke sjurts (10)
Yn de nijste Treffer kinne jim lêze dat Hendrik de Jong it sjurt fan VfL Bochum ein jierren 90 it lelijkste sjurt ea fynt. Hjir de kleurenfoto. Tink om ‘e eagen!



Foeilelijke sjurts (9)
Wy hawwe hjir no al hiele lelijke sjurts sjoen, mar dizze is hast wol it toppunt (of júst djiptepunt)! Crystal Palace:



Foeilelijke sjurts (8)
Yn 1996 is David Seaman as keeper fan Ingelân midden yn
in ferve-exploasje belanne. Hjirûnder it rissultaat. Tink om ‘e eagen!



Foeilelijke sjurts (7)
Dit moat dochs wol ien fan de lelijkste fuotbalsjurts ea wêze. It liket ús dan ek net gek dat dizze klup út Denver ynmiddels net mear bestiet:

colorado
Hjir soe al in kreas fuotbalrokje bypasse……..

Foeilelijke sjurts (6)
Bauke-Jan Plantinga kaam mei dizze tip. Wy witte net wa as mei dit sjurt keept hat, mar wy begripe wol wêrom
:
Is dizze keeper ek in blij man west?
Bauke-Jan Plantinga


Wy freegje it ús ôf?

Foeilelijke sjurts (5)
Wy krigen in tip fan Gearard Posthumus wêr ’t wy ús wol yn fine kinne:
It mei dûdeliik wêze dat ik sa net sa bliid bin mei it huidige shirt van SC Heerenveen. Miskien stiet it shirt wol symbool foar dit seizoen.
Groetnis,
Gearard Posthumus



Foeilelijke sjurts (4)
Wy krigen in tip fan Feike Jorritsma oer in ferskriklijk lelijk sjurt. Wy kinne ús der wol aardich yn fine al is it wol apart dat hy krekt mei in sjurt fan The Canaries, Norwich City, komt dy ’t spilet yn de kleuren fan Feikes baas, A.Hak:


Foeilelijke sjurts (3)
Wy krigen in tip oer in ferskriklijk lelijk sjurt fan Sytse Hibma wêr ’t wy ús hielendal yn fine kinne:
De keeper Jorge Campos fan Mexico hat ek yn it circus sitten!
Sytse Hibma


Foeilelijke sjurts (2)
Wy krigen fan Feyenoord-supporter Marten Faber al in tip oer lelijke sjurts, al kin ien fan de wepmasters him hjir net hielendal yn fine:
Hjirby direkt mar in oersicht fan alle lelijke shirts by elkoar(klik
hjir).
Groetnis,
Marten.

Dizze past der wat ús oangiet wol by:


Foeilelijke sjurts (1)
Yn de Treffer dy ’t ein fan ‘e wike útkomt lit Hendrik de Jong witte wat hy it lelijkste fuotbalsjurt ea fynt. Ik haw him sjoen en wier it is net om oan te sjen. De kommende dagen kinne jim hjir sjurts besjen wêr ’t wy net sa wei fan binne. Hawwe jim ek in idee mail it dan nei
info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt (en no net allegear in PSV-sjurt maile….).
Om te begjinnen hawwe wy it sjurt fan Hull City út it seizoen ’93-’94. Hull City hat as bynamme The Tigers en de direksje tocht mei dit sjurt hiel wat út te stralen. Neffens ús net hielendal slagge:


Hawwe jim ek in ferskriklik sjurt sjoen mail it dan nei info@vv-sds.nl mei efentueel in foto of in link nei it betreffende sjurt.