SDS’er derop út!

Wepperkes -tongersdei-
15 maart 2007
Wepperkes -freed-
16 maart 2007

Wy hawwe wer in nij slachtoffer fûn foar yn de rubryk: SDS’ers derop út. Dirk de Jong hat in wike yn Sweden west en gie dêr nei it fuotbaljen. Hjir it ferslach:

Soms falle de puzelstikjes allegear ynienen en wurdt alles je dúdlik.
Wat hie de ôfwêzichheid fan Dirk de Jong(fysio yn oplieding) by SDS 2 ôfrûne wykein no te meitsjen mei de rentree fan Alves by SC Heerenveen? Wy binne no hast in wike fierder en binne der no efter. Sa is it gien:
In maat fan Dirk rint staasje yn Sweden en it like Dirk wol aardich om dêr efkes te sjen. En wa komt hy dêr tsjin op Skiphol? Alves…………… De rest lit him riede………

Dirk is in wike yn Stockholm west.
Hy is û.o. yn it grutte stadion fan AIK Solna west nei in oefenwedstryd fan AIK Solna. Yn Sweden begjin de tarieding op it nije seizoen krekt no ’t de snie wer fuort is. Yn april sil de nije kompetysje wer los.


Hjir inkelde ôfdrukken fan fuotten fan “grutte” Sweedske fuotballers. Wy freegje ús al ôf wat der mei Kurre Hamrin syn teannen bard is…….


Afonso Alves(Fonzy foar Dirk) woe fansels mar wat graach mei Dirk op de foto.


Ek Lasse(Laas foar Dirk)Nilsson mocht mei Dirk op de foto.


It knusse stadion fan AIK Solna.


Wy ferwachtsje dat Dirk de Jong dit wykein mei Alex nei Brazilië ta sil om syn hamstring te behanneljen.