Wepperkes -freed-

SDS’er derop út!
16 maart 2007
Seleksjes 17 maart
16 maart 2007

Goede middag luisteraars

Ook ik heb nog wel een paar liedjes!!!

Dit zijn ze:

Bij de marine – Van Dorus  (tekst wurdt “in de kantine”)

This old House– van Shakin Steven

Kom van dat dak afPeter Koelewijn

The final countdownEurope

Groeten Jacob Plantinga

Ynkassearje
Woansdei yn de wedstryd fan de SDS-froulju tsjin Bolswardia waard dúdlik dat froulju behoorlijk ynkassere kinne. Sa ferstapte Myriam de Boer har en moast se nei de kant mei in sear ankel. Se siet efkes mei it ankel yn ‘e wettersek, ferluts har gesicht in bytsje en sei nei 10 minuten;” ik kin der wol wer yn”.
Jildou Jorritsma krige in bal snoeihurd yn it gesicht en hie dêrtroch in tosk troch de lippe en in beste bloednoas. Ek sy joech nei tsien minuten rêst oan wol wer fierder te kinnen.
En dan wie dêr ek noch ien fan de twa SDS-keepsters. Sy lei al op ‘e grûn doe sy in skop yn ‘e nekke krige. Ek sy wie nei in lytse behanneling wer ree om fierder te gean.
Dizze ploech hat dus flink karakter en wy heare fêst mear fan harren.

Skea
Tongersdei wie pas goed de skea te sjen by Myriam de Boer en Jildou Jorritsma. Mirjam koe ien skoen net iens oan op skoalle sa dik wie har ankel en Jildou Jorritsma rûn mei in fikse blaue noas.

Lytse feroaring
Yn it ferslach fan de wedstryd fan de froulju stie in lyts flaterke. Wij krigen dizze reaksje fan Jildou: 
Er staat in het verslag dat Jildou heeft gescoord. maar Sietske scoorde. Met een ‘kleine’ voorzet van Jildou,ik dus, tikte Sietske hem er vervolgens in. Misschien zou dat er bij kunnen staan..

Wer oefenje
De SDS-froulju binne no al dwaande mei de folgende oefenwedstryd. Sy hoopje binnenkoart oefenje te kinnen tsjin de froulju fan Tsjom.

Nei de berging
Justerjûn waard der foar it lêst neisitten yn de kantine nei it trainen. Folgende wike tongersdei sil de berging brûkt wurde kinne as kantine. De fleskes bier sille ek dêr kâld stean. De tapynstallaasje sil tongersdei ek oanslúten wurde sadat der folgende wike sneon ek alwer tapt wurde kin yn de tidelike kantine.

Noch mear muzyk
Ek Feike Jorritsma hat in tapaslike bydrage levere foar de rubryk “Jan Bouke draait en wij freegje”:
As foarsitter fan de Skoalleseize tink ik wol ris Give me hope Joanna ( Edddy Grant).
It stiet fêst dat dan When the lights go down ( Faith Hill) om ‘e hoeke sjen komt.
Ria Bremer soe wol sizze: Dat is het einde , dat doet de deur dicht daar zijn geen woorden voor enz enz.
As it dan echt tsjuster wurden is, dan freegje ik Drukwerk ; schijn een lichtje op mij.
Fansels kin Andre hazes net ûntbrekke, yn it ferske zeg maar niets meer sjongt hy; straks als het beter gaat.
Tot slot eindigje ik mei Hennie Huisman : met z’n allen want sa dogge wy it altyd .
En dat is wat my betreft de kommende tiid us motto.

SDS’er derop út!
Dirk de Jong is foarige wike nei Sweden west. Klik
hjir foar in ferhaaltsje en opmerklike foto’s.

Heit wurden
Lieuwe Meijer, lieder/spiler fan SDS 3 is foar de tredde kear heit wurden. Hij en syn frou hawwe in soan krigen. De namme is Luk of Luuk, dat moatte wij noch efkes efterhelje. Fansels lokwinskje wij harren fan herte.

Super!
Prachtich juster wie fansels de wedstryd fan AZ tsjin Newcastle United. Yn de Oekraïne makken Shahtar Donetsk en Sevilla der ek in thriller fan. De keeper fan Sevilla(Palop) makke yn de 94e(??) minút de 2-2. Sevilla gie dêrnei troch doe ’t sy yn de ferlenging skoorden. Sjoch hjir foar de goal fan de keeper(klik
hjir).

Foar de leafhawwer
De echte fuotballeafhawwer is ek gek op fuotbalsjurts. Wy hawwe no wer in webside fûn wêr ’t allegear sjurts te finen binne dy ’t origineel binne. In soad binne dan ek echt troch fuotballers drûgen. Sa is der in sjurt van
Van Basten, Shevchenko, Stapleton(yn in FA-Cup-final drûgen!!), Enzo Scifo en noch folle mear. Foar dizze sjurts sil je allinnich al aardich ta de bûse moatte.

999 pûn moat dit sjurt fan Frank Stapleton opbringe.

Opromming
Kommende sneon 17 maart spilet SDS 1 thús tsjin BCV. Dit sil de lêste thúswedstryd wêze mei de âlde kantine op de eftergrûn. Der sil dy dei lyk opromming hâlden wurde by SDS. Der sil moarns en middeis in stand stean wêr ’t je SDS-spulen krije kinne lykas âlde sjurts, horloasjes, tassen, sjaals, trainingsjaskes ensfh(sjoch
hjir). De muoite wurdich dus.

Der binne noch mar in pear orisjinele SDS-horloasjes. Dit sil fêst in kollekters-item wurde.