Wepperkes -tongersdei-

SDS-froulju krije fjoerdoop.
15 maart 2007
SDS’er derop út!
16 maart 2007

Omhaal
Oer ien momint yn de futsalwedstryd tusken SDS en ZVVS waard juster nei de tiid noch in skoft praten. In spiler fan ZVVS die yn de wedstryd in prachtige omhaal. It wie dat Jan Simon Jelsma te plak stie oars hie de bal der sa ûnderkant latte ynflein wylst de spiler hast op de efterline stie.
P.s. De spiler fan ZVVS hat neat brutsen….
(Klik hjir om te sjen hoe’t je in omhaal yn de seal dogge)

Plakje omheech
Nei de winst fan SDS 1 futsal juster binne sy ien plakje omheech gien yn de stân. Sy hoefe no noch mar 1 wedstryd wylst de konkurinsje al wat mear wedstriden spylje moat(hoesa kompetysjeferfalsing?). De lêste wedstryd fan it seizoen moat SDS 1 út tsjin koprinner Dalen. Sjoch hjir foar de nijste stân.

Tefreden
Undanks de nederlaach fan de SDS-froulju juster wie koach Akke-Rixt Zijsling tefreden:
We hebben 12-1 verloren vanavond. Een terechte overwinning voor de dames uit Bolsward. Sietske Okkema maakte het enige doelpunt voor SDS. Voor de eerste
wedstrijd ging het helemaal niet onaardig. Het was vooral de 1e helft erg zoeken wat betreft de posities e.d., maar dit ging na rust al stukken beter.
Er werd soms leuk gespeeld en goede kansen gecreeerd. De meiden hebben 90 minuten geknokt met zijn allen, en hebben ondanks de nederlaag een hele leuke wedstrijd neergezet!
Akke Rixt

Opromming
Kommende sneon 17 maart spilet SDS 1 thús tsjin BCV. Dit sil de lêste thúswedstryd wêze mei de âlde kantine op de eftergrûn. Der sil dy dei lyk opromming hâlden wurde by SDS. Der sil moarns en middeis in stand stean wêr ’t je SDS-spulen krije kinne lykas âlde sjurts, horloasjes, tassen, sjaals, trainingsjaskes ensfh(sjoch hjir). De muoite wurdich dus.

Wij freegje en Jan Bouke draait


Sneontemiddei is der nei ôfrin fan de wedstryd SDS 1- BCV 1 muzyk yn de kantine.

Jan Bouke Bouma sil tapaslike muzyk foar ús opsette.

Ommers Tjerk van der Pol hie al oanjûn dat hij graach de Talking Heads heare wol mei Burning down the house.

Sipke Hiemstra fielt wol wat foar Blau, blau, blau fan de Scene.

 

Noch mear muzyk
Om begryp te hawwen foar de minsken dy’t muoite hawwe mei dizze ôfbraak soe It ’s so hard fan Anouk wol draaid wurde kinne.

Dy minsken kinne noch in poging ûndernimme om it gebou op te nimmen yn it beskerme doarpsgesicht fan Easterein en foar harren draait Jan Bouke Monument fan The Frames.

Wij soene ek tsjin dy lju sizze wolle  Don’t panic fan Coldplay, want der is in alternatyf 100 meter fierderop.

Om alles te ferwurkjen soene wij noch ien kear sjonge kinne Our house fan Crowded House.

En dan ……..is it tiid foar  Teardrops in my wine fan The Frames en de tsjinhinger Don’t Cry fan Guns en Roses.

De jeugd stampt dan efkes  When the lights go out fan 5Ive en de wat âldere jeugd sjongt de Dijk nei Mag het licht uit

En gelokkich relativeart Marco Borsato alle lijen: Hij sjongt Afscheid nemen bestaat niet

En dan fansels noch ien plaatsje foar it bestjoer fan de Skoalleseize dy’t hiel wat striid leverje moasten tsjin gemeente en oerheden: Het is een kwestie van geduld van Rowwen Heze.

En Sytse van der Werf sjongt ta beslút Feurbij.

 

En moandei at se yn de nije kantine kofje drinke, kinne se harkje nei Falling down fan Avril Lavigne , nei Another brick in the wall fan Pink Floyd, nei Breakaway fan Kelly Clarlson en nei Boom Boom noch wat fan Jan Smit.
En leit alles plat dan is de slottoan foar Kaisers Chief mei  Oh mij God   (Aant)


Earste ljipaai
Ien fan de wichtichste titels dy’t je krije kinne yn Easterein is de titel fan “earste ljipaaifiner” fan it jier. Alle jierren stride de “fûgelleafhawwers” wer om dizze titel. Neidat in Rotterdammer in pear lyn  der mei de ear fan troch gie, hawwe se der no foar soarge dat it wer bij eigen “minsken” bliuwt. Philippus Hingst mocht ferline jier mei de FPU en hij waard foaroanman. Dat plan slagge, want master Philippus fûn it earste aai fan Easterein.

Trainingsfjild
By SDS wurdt der wolris klaaid oer it trainingsfjild(al leit dat der hjoed fêst skitterend by). It is yn elts gefal 1000 kear better as dat fan ONT.

Dit hat wol wat fan ús âlde trainingsfjild.