SDS4 ferslach (2)

Oefenprogramma SDS 2
8 januari 2004
Freonen fan SDS (9)
9 januari 2004

Diel 2 yn de tryelûk fan Evert en Dieuwke

 

Waarme simmer nekt SDS 4

Op 6 desimber moasten wy der wer foar. We moasten tsjin de Borgerboeren út Minnertsgea. No je koene wol merke dat wy in droech jier hân hawwe, dizze minsken sieten sûnt oktober al thús. De griente spatte dêr de grûn út en it ark waard net smoarch, dat se hawwe de hiele oktober moanne traine kind.

Us fjirde hat allegear mannen mei banen fan 9 oant 5 en dit tolve moanne lang, boppedat hiene wy krekt Sinterklaas jûn hân, dus wiene wy suver al yn it efter foar de wedstriid. Nei in kertier skopte Jeroen ús op 1-0, dizze man hie krekt 8 oeren wurke. Doe krigen wy der twa om é earen. De Borgerboys seinen tsjin elkoar: it kjellet hjir best.

Jeroen skoarde nei rêst de gelykmakker mar dêrnei hawwe we de slach kondisjoneel ferlern. Je moatte by de KNVB gewoan de Bildtse kompetysje oprjochtsje. It waard 4-2. Sjoerd Postma, tige tank foar it fluitsjen en Halbe Klaas Overal dank foar it meibaljen.