SDS1 huldiging

Felisitaasjes!
17 mei 2005
Hoera hoera..SDS 3 kampioen!!
17 mei 2005

Hjoed hawwe wy foto’s fan de huldiging fan SDS dy’t sneontejûn plak fûn. Foto’s binne makke troch Henk Bootsma.

Al wer op de wein. Dat wie noch net sa lang lyn!!

Links foaroan sit Klaas Dijkstra en yn de midden wuift Anne Brouwer as in echte paus nei it publyk.. De jonge kardinalen kinne it no noch wol steande hâlde.

It korps fan Easterein stie klear op de Wommelserdyk en wist de minsken it hús wol út te krijen.

De trije wichtichste dingen fan Easterein op ien foto: SDS, it kafé en de toer

Deinum, Brouwer, Dijkstra, Boersma en Overal nimme in beskieden plakje yn foarop de wein

By it sportpark waarden de “helden” opwachte troch de fans dy’t al fêst ien nommen hiene.

En fansels moast er efkes in foto makke wurde mei de toer op de eftergrûn. Dy toer, wêr’t se graach hinne fuotbalje.

Wat oars net mei, mocht no wol. Op stuollen en tafels stean.

De foarsitter koe syn briefke fan ferline jier noch in kear brûke en de takomstige foarsitter oefene al fêst mei foar in folgende kear

Klaas Dijkstra hold in koarte preek, dy’t folge waard mei in spontaan hantsjeklap. Dat sil net altyd meimeitsje

It koe net op. Ek 3 keatsende fuotballers waarden huldige mei harren koach foar de twadde priis op de nederlânske kampioenskippen junioren.

Moarn sjogge wy werom op de emoasjes fan Anne Brouwer en freed slute wy de fotowike ôf mei wat lêste printsjes.