Hoera hoera..SDS 3 kampioen!!

SDS1 huldiging
17 mei 2005
Wepperkes -woansdei-
18 mei 2005

It is 9 oere op tiisdeitejûn en dan komt it prachtige berjocht binnen dat SDS 3 (sûnder te spyljen)kampioen wurden is. De lêste konkurrint Workum 3 hat gelyk spile tsjin ONS. Workum 3 kin no net mear lâns side komme. SDS 3 siet oan ’t it lêst ta yn spanning. Neidat ONS 3 krekt foar tiid in strafskop fersulvere en sa de lykmakker(2-2) makke koe de flagge út yn Easterein.
Kommende sneon spilet SDS 3 de lêste wedstryd om it burd fan de keizer tsjin Rood Geel yn Ljouwert. Dêrnei sil der wol wer in feest losbarste yn de kantine.

Fan herte lokwinske mannen!!!

Johan(grins), Friso(leider), Sjoerd, Jentje, Gerlof, Ronny, Jan en Anco.
Harm-Auke, Liuwe, Wouter, Pieter, Jeroen, Frank en Jappie.