SDS wint ING-subsponserskip!!

Weppers woansdei 4-6
3 juni 2014
Wurdt SDS B1 kampioen?
5 juni 2014


Op 20 maart die Tjerk van der Pol hjir op de webside in oprop om SDS oan it sponsorskip fan de ING te helpen.
De ING hie hjirfoar in spesjale aksje foar amateurklups op tou setten. Om de ING enthousiast te meitsjen gie Tjerk  mei de D-pupillen Steven van der Pol, Lars van Lelyveld, Hendrik Van der Eems, Aiso Agricola, Mark Klijnsma en Tom Wijnia derop út om in filmke te meitsjen.
Soan en filmer Piter van der Pol
makke der ferfolgens dit prachtige filmke fan:



Dêrneist makke Tjerk der noch
dizze Powerpointpresentaasje
by.
Dit waard opstjoerd nei de ING.

En justerjûn krigen wy dit prachtige berjocht!

It is slagge!!!!
Troch it ynstjoeren fan in prachtige PowerPoint mei in begeliedend filmke oer de problemen by SDS is it ús slagge om it ING Sponsorskip binnen te heljen.
De haadpriis is it jammer genôch net wurden mar wol
3 kear tûzend euro!!!!!!!!!!
By dizze wolle wy benammen Tjerk van der Pol tank sizze foar al it wurk wat hy der foar dien hat en ek de mannen fan de D’s die op sneintemoarn oan it filmjen west binne.
Jimme hawwe de boadskip dúdlik oerbrocht mannen.
It bestjoer



Dit blomke foar Tjerk is dik en dik fertsjinne!!!