Weppers woansdei 4-6

Weppers tiisdei 3-6
3 juni 2014
SDS wint ING-subsponserskip!!
4 juni 2014

Mediamerke
Der wurdt wakker lake om de aksje fan Mediamerke.
No in tillefysje keapje en it jild werom krije at Nederlân wint. Dy kâns wurdt net grut achte.
Vera, freondinne fan Harm Auke seit er dit fan:
“slimme aksje fan Mediamerke, jild werom jaan as we wrâldkampioen wurde….dy kâns is like lyts as dat ik trouwen gean.
Harm Auke freon fan Vera reageart gelyk:
binne wij dat meielkoar iens, leave.
Wij freegje ús oprjocht ôf at dy twa ek in weddenskip oandoare. Bijgelyks wol Vera allinne mar trouwe at Feyenoord de Champions league wûn hat en Harm Auke at PSV de Champions Leaugue wûn hat. Dat kin noch wol efkes duorje sjogge wij de Ajax supporters al tinken, mar dochs.
Vera en Harm Auke: wat is dêrop jim antwurd?

Wommelser Kampioenskip
Ek dizze simmer sil der yn Wommels wer twa kear yn de wike fuotballe wurde op it skopfjild by Nij Stapert. Hast eltse moandei en woansdei sil der fanôf 19.30 wer in baltsje trape wurde. Jûn is de ôftraap fan it WK.

SDS-WK-Pool
Fansels dogge jim allemear mei oan de WK pool fan SDS. Jim kinne der
hjir alles oer lêze.


Alderaardichst
fashion2
In Sjina hawwe sy gjin lêst fan supportersgeweld. Wy witte no wêrom…….

Harsens derby(1291)
Wat Ayanle betreft wurdt Neymar de man fan it WK: