Weppers moandei 7-12-2020

SDS-Sinteklazetoernoai knap slagge!
5 december 2020
Strjittefuotbal! Doch ek mei!
7 december 2020

Lytse SDS’ers! (1)

De ôfrûne pear wiken binne der in pear SDS’ers berne. Sa hawwe Jort Strikwerda (SDS 2) en Jildou Jorritsma in lyts famke krigen, Silke Rosie. Mar in soad wille en sûnens tawinske mei jim trijen!

Lytse SDS’ers! (2)

Us ponghâlder Henk Postma (SDS 5) en Afke Walda hawwe ek in lytse poppe krigen. Jesse kin fanôf no fuotbalje mei syn broerke Tiemen (Chris). Wy winskje jim allegear in soad wille en sûnens ta!

Betterskip!

De trainer fan de JO19-1, Henk Mulder, lit ús witte ferline wike “omleiden” te wêzen yn it sikenhûs. It giet goed mei him en mei hast wer nei hûs. Wy winskje him in bult betterskip!

Traine

De measte jeugdteams hawwe winterstop en hawwe ek efkes gjin trainen mear. der binne ek inkelde jeugdteams dy ’t noch efkes trochtraine bygelyks ien kear per wike.

Smoezen

Foar sommigen is it in sport om in goeie smoes te betinken wêrom as sy in kear net traine kinne. Tsjintwurdich giet dat dochs in soad fia de Whatsapp en je kinne se somtiden sa gek net betinke.
Hawwe jim ek sa ’n alderaardichste smoes meimakke mail it nei info@vv-sds.nl en wy nimme it mei yn de Kryst-Treffer.

SDS-League

As it meisit dan hawwe wy hjir moarn in oer as 14.08 oere de nije stân fan de SDS-League op de webside.

Harsens derby (2275)

Allemachies! Wat snakke wy hjirnei!