SDS siket nije jeugdtrainer (4)

Rokers fine elkoar
11 januari 2004
Wepperkes
12 januari 2004

It wurdt hieltiten dreger om in jeugdtrainer te finen foar de SDS jeugd. Noch altiten hat gjin inkele kandidaat him melden op ús oprop. “Voetbalnoord” seach it lyk al net sitten en hat lyk de adfertinsje mar fan hun webside ôfhelle. Klaas Okkema giet nei SDS 2 en is dus ek gjin opsje mear. Wy tinke dat wy it dochs mar wat yn Easterein hâlde moatte. Freddy Scheltema bygelyks. Syn “Sabbathical jier” is no wol hast om en miskien kin der tiid meitsje om in trainerscursus te dwaan. Dit liket ús krekt wat. Miskien kin hy it dan tegearre mei ien dwaan.

Belangstellenden (yn besit fansels fan de júste papieren of bereid om de kursus te folgjen) dy ’t it wol wat liket om de SDS-jeugd te trainen kinne kontakt opnimme mei Jappie Wijnia (tel.nr. 0515-332245 of 0651237144) Per e
mail: jaja@uwnet.nl . Wy hawwe sels ek noch mar in listje makke. Der binne al hiel wat ôffallen.

Hjirûnder it hiele listje:
* Wichard Deinum (no spiler SDS 1)
* Marco Hoekstra (no SDS 2)
* Andre Onclin (no Heerenveense Boys)
* Hank Hornstra (no Workum)
* Gerlof Gerlofsma (no Tsjom)
* Riemer Kooistra (no Broekster Boys)
* Klaas Dijkstra (no CSL)
* Sjoerd Jan Eppinga (no Harkemase Boys 1)
* Roel Hoogeveen (no Balk)
* Gerlof Kootstra (no Opeinde)
* Freddy Scheltema (no sûnder club)

Dizzen kin net mear:
* Johnny Nota (nei Jirnsum)
* Lykle Bleekveld (nei SDS 1)
* KLaas Westra (nei DWP)
* Eric Schuitemaker (nei WPB)
* Ruud Gullit (nei Feyenoord)
* Rob Bosch (nei Nijland)|
* Niels Overweg (SC Cambuur en SC Franeker)
* Frans à Nijeholt (nei SC Emmeloord)
* André Semplonius (nei QVC)
* Klaas Okkema (nei SDS 2)

Wa moat it fan jim wurde? Witte jimme ien? Der binne fêst noch mear gegadigden. Mail it ús!