Wepperkes

SDS siket nije jeugdtrainer (4)
12 januari 2004
Dameselftal
12 januari 2004

Oefenwedstryd

SDS 5 lit neat oan it tafal oer. Sy wolle kampioen wurde en hawwe dêrom in oefenwedstriid regele yn de winterstop. Op 31 jannewaris giet de ploech nei Aldegea om te oefenjen tsjin feteranen ploech út dat doarp.

 

Traine
Tongersdei 15 jannewaris begjint it trainen foar SDS 3, 4 en 5 wer. Trainer Sipke Hiemstra rekket fansels wer op in grutte opkomst. Spitich is fansels dat op dyselde jûn yn it Fec de twa ploegen fan SDS oantrede.

Rekord
De earste wike fan jannewaris hawwe der 1277 minsken de SDS-side besocht. In nij rekord.

Beker
It is net hielendal dúdlik, mar sa at it no stiet spilet SDS 2 op sneon 6 febrewaris foar de beker thús tsjin Be Quick Dokkum 2.

Wer thús
At it goed is is de seleksje fan SDS 1 juster en fannacht wer thúskaam fan in dreech wykein yn Zandvoort. Sy hawwe fêst net in soad belibbe, want fia de SMS hawwe wy neat heard.

 

Gjin programma
Dizze wike hoefe it 1e en 2e futsalteam fan SDS net foar de kompetysje te fuotbaljen. Beide binne frij yn ferbân mei de Midwintercup yn it FEC. SDS 2 is ek folgende wike frij. SDS 1 moat folgende wike tsjin Workum. Fierder is der gjin programma.