Rokers fine elkoar

Sealfuotbal sûnder sniestjêr
11 januari 2004
SDS siket nije jeugdtrainer (4)
12 januari 2004

Sûnt 5 jannewaris is it ferbean om te smoken yn de kantine fan de sporthal.

Dat rokers elkoar dochs wol wer fine is dúdlik te sjen op dizze foto. Klaas Okkema, Willem Wijnia, Bert Rienstra en Dukke van der Wey sochten harren rokersheil yn de hal.

Titus, sels ek in betûft roker, wie sels ree om harren in bierke te bringen sadat se oan de steantafel harren eigen kantine kreerd hiene.

No’t it smoken útband wurdt, hat it kans dat it prúmkjen der wer ynkomt, hoewol it geflyb noch wol in probleem wurde kin.