SDS siket nije jeugdtrainer (3)

Freonen fan SDS (9)
9 januari 2004
Sealfuotbal senioren
9 januari 2004

Wy kinne noch altiten net melde wa at de nije jeugdtrainer fan SDS wurdt. Fan oanmeldingen hawwe wy ek noch neat heard. Wy hawwe wol wer inkelden dy ’t it net wurde. Frans à Nijeholt traint no SC Joure 2 en hie krekt wat west foar de SDS-jeugd. Hy giet allinne nei SC Emmeloord. André Semplonius fan Nijlân wie ek net sa gek west, mar hie giet ommers it earste fan QVC trainen. Niels Overweg fan SC Cambuur bliket tiid oer te hawwen. Oansjoen wy mei Erik Haitsma dêr wol wat konneksjes hawwe, soe der de rest fan ‘e tiid de SDS jeugd wol traine kinne. Hy koe wol mei it Cambuur-buske meiride. Dit wurdt him allinne ek net want hy giet kommend seizoen SC Franeker 1 trainen.

Der is noch ien dy ’t wy skrasse kinne foar it trainen fan de jeugd fan SDS. Ek dizze hat in oare útdaging fûn. Jammer genôch kinne wy hjiroer noch gjin offisjele meidielings dwaan. Binnenkoart heare jimme mear.

Belangstellenden (yn besit fansels fan de júste papieren) dy ’t it wol wat liket om de SDS-jeugd te trainen kinne kontakt opnimme mei Jappie Wijnia (tel.nr. 0515-332245 of 0651237144) Per e
mail: jaja@uwnet.nl . Wy hawwe sels ek noch mar in listje makke. Der binne al hiel wat ôffallen.

Hjirûnder it hiele listje:
* Wichard Deinum (no spiler SDS 1)
* Marco Hoekstra (no SDS 2)
* Andre Onclin (no Heerenveense Boys)
* Hank Hornstra (no Workum)
* Gerlof Gerlofsma (no Tsjom)
* Riemer Kooistra (no Broekster Boys)
* Klaas Dijkstra (no CSL)
* Sjoerd Jan Eppinga (no Harkemase Boys 1)
* Roel Hoogeveen (no Balk)
* Gerlof Kootstra (no Opeinde)
* Klaas Okkema (no spiler SDS 5)

Dizzen kin net mear:
* Johnny Nota (nei Jirnsum)
* Lykle Bleekveld (nei SDS 1)
* KLaas Westra (nei DWP)
* Eric Schuitemaker (nei WPB)
* Ruud Gullit (nei Feyenoord)
* Rob Bosch (nei Nijland)|
* Niels Overweg (SC Cambuur en SC Franeker)
* Frans à Nijeholt (nei SC Emmeloord)
* André Semplonius (nei QVC)
* …………..

Wa moat it fan jim wurde? Witte jimme ien? Der binne fêst noch mear gegadigden. Mail it ús!