SDS siket in fersoarger

Stân SDS EK-League 8 july
7 juli 2021
Kompetysje-yndielingen SDS Vr.1, 1 en 2 bekend
9 juli 2021

SDS siket in fersoarger

Foar it fuotbalseizoen 2021-2022 is vv SDS op syk nei in motiveare fersoarger/masseur (m/f).

Aktiviteiten:
* it (preventyf) behanneljen fan fuotballers fan de feriening by blessures.
* it begelieden fan blessearde spilers nei wedstrydnivo, ek op it fjild.
* it begelieden fan it 1e alvetal (útkommend yn de 3e-Klasse A) op wedstryddagen
* de ynkeap fan fersoargingsmateriaal binnen it budsjet fan de feriening en it behear hjir oer.
* it oerlis fieren mei de haadtrainer en technyske staf oer de ynfulling fan boppeneamde aktiviteiten.

De aktiviteiten fine plak op de trainingsjûnen fan SDS 1 (meast tiisdeis en/of tongersdeis). De wedstrydbegelieding sil meast plakfine op sneon.

 

*Wêr binne wy nei op syk?
In fersoarger dy ’t affiniteit hat mei fuotbal, in entûsjaste ynstelling en fleksibel ynsetber.

* Foar de wurksumheden stiet in noch te oerien kommen fergoeding.

 

Ynljochtings en sollisitaasjes;
Mear ynformaasje oer de funksje kinne jim krije by Willem Wijnia, foarsitter vv SDS, 0515-331444 of 06-15560180

 

Sollisitaasje (graach mei cv) graach digitaal nei info@vv-sds.nl.