Wepperkes -tiisdei-

Wepperkes -moandei-
18 maart 2007
SDS League:Materazzi pakt wykpriis!
20 maart 2007

Anne Brouwer 60 jier!(1)

Lieder fan SDS 1 Anne Brouwer is hjoed 60 jier wurden. Fan herte lokwinske!! Klik hjir om him ek lok te winskjen.

Anne Brouwer 60 jier!(2)

Wat moat Anne no op ‘e jierdei hawwe? Hawwe jim noch orisjinele ideën, mail se nei info@vv-sds.nl! Ús foarstel is om hjoed yn elts gefal efkes 60 kear te toeterjen as je by him lânsride………

Gjin makkie
Út mei 7-1 wûn fan SC Berlikum, dus soe it thús wol in makkie wurde. Dit pakte efkes oars út foar SDS 3 ôfrûne sneon. Klik hjir foar it ferslach fan Auke Buck.

Tips
Dit krigen wy noch fan Klaas Pompstra. It ferslach giet net allinnich oer de wedstryd fan SDS B1 tsjin SVM, mar ek oer it finansiren fan it moaie sportkompleks fan SVM. Miskien wat foar de Skoalleseize?
Better let as net it ferslach fan B1.

Hjoed fuotbalje op it moaie kompleks fan SV Marknesse. We ferlearen yn de hurde wyn en it lawaai fan de foarbyrazende rallyauto’s mei 2-0.

Sportive wedstriid, reedlik tot goed fuotbal, wer in soad ynset, wer net skoart, wer gjin punten.

Alles giet goed, mar we skoare net. It sit ús gewoan net mei…

Mar hawar, der hat sels PSV wolris lêst fan…

Jort (skorst) en Doede (iepe dei) wienen der net.

(Klik hjir foar it wedstrydferslach)

Eric Braamhaar
Op 1 maaie komt topskiedsrjochter
Eric Braamhaar in skiedsrjochterskursus jaan oan 15 junioaren(A’s, B’s en C’s) fan SDS. Dit duorret fan 9.30 oan ’t 17.00. Dizze kursus sil hâlden wurde yn de berging of op in noch te bepalen lokaasje. Ek wurdt der sjoen as hy noch in kear op in sponserjûn komme wol. Wy hawwe genôch fragen foar him(klik hjir en hjir).

Wer yn Ljouwert
Wy krigen juster al gau reaksje op ús oprop oer Eddy van Schaick. Âld-SDS-trainer Henk Buning wist te melden dat Eddy van Schaick wer “gewoan” yn Ljouwert wennet.

“It dak derôf!!”
It bleaun sneon noch lang gesellich yn de kantine: “It dak gie derôf!”:

Sjoch foar mear foto’s op de webside fan Jaring Rispens-fotografie.

“Nije” spits
Ôfrûne wykein wie it meitsjen fan in doelpunt mei nammen by SDS 1 en 3 in probleem. Gerard Posthumus sjocht dan ek yn dat SDS net sûnder him kin. Dizze âld-topskoorder fan SDS hat him lyk wer oanmelden as lid. Jammer genôch yngeande augustus 2007. Of soe dit iets te meitsjen hawwe mei Wommels-Easterein op 24 augustus.

Jan syn beurs
It is ús no dúdlik hoe ’t Jan sneon syn beurs kwytrekke is. Sjoch de folgende foto:

J.R. (fer)leidt Jan ôf en G.D. derefter giet der mei de beurs fantroch.

SDS League
Jûn om 20.00 hjir de nije stân fan de SDS League.

Leuk
Fansels wie de oerwinning fan Ajax op PSV snein skitterend. Inkelde doelpunten wienen ek om troch in rinkje te heljen. Dochs wie dit miskien wol it moaiste momint fan de wedstryd(klik hjir).